BOARNSTERHIM gemeente 1 O SEP.2004 -2.0'}.51. de leden fan de Gemeenteried Grou, Underwerp: taheakjen punt "Prosedure fan de Doarpsfisy's". Achte leden, Yn de riedskommisje WWR fan 8 septimber is it ûntwerp-riedsfoarstel "Fêststellen fan de prose dure fan de Doarpsfisy's" behannele en is konkludearre, dat it punt as B-punt yn de Ried behan nele wurde moast. Op grûn fan de diskusje, sa 't dy fierd is yn de kommisje, wie dizze konklúzje terjochte. De fraksje fan de Partij van de Arbeid hat my hjoed formeel it fersyk dien om it troch de fraksje earder ynnommen stânpunt, oangeande it oanmerkjen fan boppeneamd punt as B-punt, as in fer- sin te beskógjen. De fraksje wol achte wurde it punt as A-punt te sjen. Ik ha konkludearre, dat dêrmei alle yn de gearkomste fan de kommisje WWR oanwêziche fraksjes ynstimme kinne mei de behanneling fan it Onderwerp "Prosedure fan de Doarpsfisy's" as A-punt. Ik ha dêrom, nei oerlis mei de foarsitter fan de kommisje WWR, besletten it Onderwerp ta te heakjen oan de wurklist foar de gemeenterie fan 21 septimber 2004. Dizze gong fan saken wykt óf fan de ófspraken oer de wize fan agendearring fan A en B punten. Sjoen nei 't belang fan de fuortgong fan de beslútfoarming mien ik, dat dizze ófwiking akseptear- re wurde kin. Mei rju achtinge, Kopy oan: griffier leden kolleezje, foarljochting Behannele troch:H.O. Hoekstra Telefoan: 0566 629212 E mail: hoekstrah@boarnsterhim.nl Jo brief fan: Jo kenteken: Us kenteken: Griffie Taheakke: O Postadres: Gemeente Boarnsterhim, Postbus 40, 9000 AA Grou Kantoaradres: J.W. de Visserwei 10, 9001 ZE Grou, Tel.: 0566 - 629393, Faks: 0566 - 622424 brief Ried 9-9-04/jzhh

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 1