Side 10 1500 euro. In de woonschepen moet een aansluiting gerealiseerd worden die kwalitatief in orde is. De hear Janse (FNP): Ek oare minsken moatte op har eigen hiem it op in goede manier oanliz- Wethâlder Van den Berg: Dêrom docht men der ferstannich om nei de takomst ta it goed yn de arken oan te lizzen. Dat soarget op himsels net foar de 13 euro ferheging. Dat hâldt mei 40 eurosint op. Twadde termyn De hear Janse (FNP): Hy freget him óf wêr't dy ferheging fan 13 euro dan weikomt. Hy hat fan de wethâlder net heard dat sy bydrage woe yn de kosten fan de 83 bewenners fan wen ningen. Tsjinnet in moasje dêroer yn. Lést dy foar. "De Ried fan de gemeente Boarnsterhim byinoar yn gearsit op 10 novimber 2004; Yn omtinken nimmende dat: 1) it útgongspunt is safolle mooglik likense kosten foar alle boargers dy't op de rioelering oansletten wurde moatte 2) it kolleezje útsteld om de oanslútkosten fan de 62 arken foar rekken fan de gemeente te nimmen omdat dy kosten tige heech binne 3) dat it kolleezje útsteld dêrfoar in eigen bydrage fan 1.500 euro te freegjen 4) dat de oanslútkosten fan in grut tal wenten fan de 83 wenten dy't ek op de rioelering oan sletten wurde moatte ek tige heech binne Beslút om ek de oanslútkosten fan dizze wenten as dizze boppe de I500 euro útkomme it be- drach boppe de 1500 euro foar rekken fan de gemeente te nimmen. En giet oer ta de oarder fan de dei." De hear Soeten (PvdA): Freget wat it de gemeente kostet. De hear Janse (FNP): De kosten wurde wat mear ferdield. Mefrou Minkes (PvdA): It komt dan lykwols wol boppe op de 13 euro. De hear Janse (FNP): De arkenynvestearing trochgean litte en de eigen bydrage ek trochgean litte ferheging (eventueel heger), mar de 83 bewenners dy't ek oansluten wurde moatte ek temjitte te kommen yn de kosten. Dan is it minym wat it omheech giet. De hear De Vries (PvdA): Der stiet in bedrach I500 yn de moasje. De hear Janse (FNP): Dat moat yndied 1500 wêze. Wethâlder Van den Berg: De gedragslijn is dat er gemiddeld 1500 euro nodig is voor aanslui ting. Daarom is er wel een rechtvaardigheid in de gedragslijn. Zij raadt de motie af. Men heeft geen problemen meer met de inwoners gehad na de voorlichting. De hear Janse (FNP): Yn Poppenwier binne der oars genôch mei problemen. Wethâlder Van den Berg: Sy hat der seis neat oer heard. As der problemen binne is de ge meente altyd foar in oplossing yn. De hear Janse (FNP): Freget om in koarte ûnderbrekking. Ferslach 10112004/absh/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 23