De foarsitter: Underbrekt de gearkomste foar in koart momint.
De foarsitter: lepent de gearkomste wer en jout de hear Janse it wurd.
De hear Janse (FNP): De moasje wurdt wizige om de bydrage foar de arken en de huzen sa-
danich te bepalen dat it bedrach foar de gemeente 592.590 bliuwt.
De foarsitter: Underbrekt de gearkomste foar in pear minuten om de hear Janse gelegenheid
te jaan om in goede tekstuele oanpassing fan de moasje te meitsjen.
De foarsitter: lepent de gearkomste wer. De tekst fan de moasje wurdt oan de ein: Beslút om
de bydrage fan de wenten en arken sadanich fêst te stellen dat de ynvestearring fan de ge
meente gelyk bliuwt.
Mefrou Minkes (PvdA): Wol graach witte wat de wethâlder derfan tinkt.
Wethâlder Van den Berg: It wêzentlike is dat it gelikensensbegjinsel mei dize moasje ferlitten
wurdt. Der is fêststeld dat deselden dy't ferplichte wurde ta oansluting in bydrage fan 1780
betelje en derboppe op net mear kosten gemiddeld fan 1500 euro. De wenarken sille boppe
de 1500 euro útkomme en de gemeente wol kompinseare om de kwaliteit foar no en de ta-
komst.
De hear De Vries (PvdA): Betsjut dat wenningen dy't oantoanber in hegere ynvestearring ne-
dich hawwe dat dy ek Onder it gelikensensbegjinsel falie?
Wethâlder Van den Berg: Elkenien pakt it op syn eigen wize oan en dan binne de kosten min
fêst te stellen.
De hear De Vries (PvdA): It giet om oantoanbere mearkosten.
Wethâlder Van den Berg: Der binne gjin lûden dêromtrint binnenkommen.
De hear De Vries (PvdA): Dat betsjut dat wannear't dy noch wol binnenkomme dat dêrfoar it-
selde prinsipe jildt?
Wethâlder Van den Berg: Soe dat de ried net oanriede, want it is net te kontrolearen.
De hear Janse (FNP): 83 wenten binne wol te kontrolearen. Dat hat men by de arken ek dien.
Men kin dêrfoar ek in buro ynskeakelje.
Wethâlder Van den Berg: Der wurde prima ôfspraken mei it buro makke om de kosten foar de
boargers sa leech mooglik te hélden.
Mefrou Minkes (PvdA): As it buro op grûn fan objektive ynformaasje in skrinend gefal tsjin-
komt hoe reageart de wethâlder dan?
Wethâlder Van den Berg: Dat is dan besprekber. Lykas der ek sein is der in mooglikheid foar
betelling yn dielen is.
Mefrou Minkes (PvdA): Allinne dêrfoar of ek eventueel foar in bydrage yn de kosten fan de
oansluting?
Ferslach 10112004/absh/11