Side 14 De hear Van der Sluis (VVD): De VVD wol de problemen foar de takomst út de wei gean. It kin op dizze manier (fia it amendemint) oplost wurde. Wethâlder Bouma: Men freget by it keapjen wat foar bestimming der op in wenning leit. Dat is in stikje ferantwurdlikheid fan de minsken. It komt no net mear sa faak foar dat minsken sûnder rjocht by it GBA ynskreaun stean. De foarljochting yn Op 'e Hichte hat blykber holpen. De foarsitter: Bringt it amendemint fan de VVD yn stimming. De hear Janse (FNP): Is fanwegen it gelikensensbegjinsel tsjin. De foarsitter: It amendemint wurdt mei 7 stimmen foar fan de leden Boringa, Bouma, Hem- minga, Van der Meer, Van der Sluis, Troost en Verkerk en 9 tsjin fersmiten. Der wurdt neffens it foarstel besletten. De VVD en GB wolle achte wurde tsjinstimd te haw- wen. 15. Tariedingsbeslút foar it perseel oan 'e noardkant fan de Garde Jagerswei neist trailer helling op hoek Hôflân en Garde Jagerswei te Grou De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 16. Foarstel foar it yn behanneling nimmen fan in planskeafersyk Burstumerdyk 2 te Grou De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 17. Foarstel foar it yn behanneling nimmen fan in planskeafersyk Learewei 8 te Jimsum De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 18. Foarstel foar it yn behanneling nimmen fan in planskeafersyk Wartensterdyk 6 te Wer- gea De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 19. Foarstel om meiwurking te ferlienen foar it fergrutsjen fan in winkel op it perseel Hoofdstraat 40 te Grou De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 20. Foarstel om meiwurking te ferlienen oan it plan foar it fernijen/fergrutsjen fan in wâl- kantkonstruksje flakby it Prinses Margrietkanaal De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 21. Foarstel ta it wegerjen fan de bou-oanfraach foar it oprjochtsjen/pleatsen fan in kan- toar mei opslachromte op Garde Jagerswei 74 te Grou De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel besletten. 22. Slute De foarsitter betanket elkenien foar de ynbring en slút de gearkomste om 23.55 oere. Ferslach 10112004/absh/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 27