BOARNSTERHIM gemeente R I R Riedsgearkomste Agindapunt Portefúljehâlder Behanneljend amtner 14 december 2004 6 (B-stik) boargemaster Y. Dijkstra M. Frensel telefoan: 0566 - 629396, e-mail: frenselm@boarsterhim.nl Underwerp: Beneaming plakferfangend kommisjelid. Foarstel: 1Undersykje de betrouwensbrieven fan de hear Galama en gean oanslutend oer ta de beëdi ging. 2. Beneam de hear J.R. Galama yn it plak fan mefrou T.D. Troost-Akkerman as plakferfangend lid fan de riedskommisje BMM. Ynlieding: Yn de gemeente Boarnsterhim binne der twa riedskommisjes. De leden dêrfan wurde beneamd troch de gemeenteried op foardracht fan de fraksjes yn de ried. Arguminten: 1Undersyk fan de betrouwensbrieven en beëdiging is foarskreaun. Yn artikel 4, lid 3 fan de feroardering op de riedskommisjes stiet dat ek fan net-riedsleden dy't lid fan in riedskommisje wurde de betrouwensbrieven ûndersocht wurde moatte. Dêrneist moatte sy ek beëdige wurde foardat sy mei harren kommisjewurk begjinne kinne. 2. De fraksje fan GB 2000 hat it fersyk dien om de hear Galama as plakferfangend lid foar de riedskommisje BMM te beneamen. De feroardering op de riedskommisjes 2002 jout oan dat der mar ien plakferfanger de fraksje be neamd wurde kin. (Artikel 4, lid 4). Dêrom is yn oerlis mei de fraksje besletten dat mefrou Troost gjin plakferfangend lid mear is. Yn stee fan har wurdt de hear Galama beneamd. Der is oerlis west mei: It Riedspresidium, de kommisje dy't de betrouwensbrieven fan de hear Galama ûndersocht hat en mei de hear Galama Finânsjes: Net fan tapassing Utfiering: Net fan tapassing Kommunikaasje: Net fan tapassing 06. Beneaming plv kommisjelid/absh/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2004 | | pagina 42