BOARNSTERHIM
gemeente
R 1 E
DSFOARSTEL
Riedsgearkomste
14 desimber 2004
Agindapunt
9 (A-stik)
Portefúljehâlder
boargemaster Y. Dijkstra
Behanneljend amtner
M.T. de Wolff
telefoan: 0566 - 629314, e-mail: wolffm@boamsterhim.nl
Underwerp:
Tsjinstferbân Griffier
Foarstel:
1Wreidzje de oanstelling fan de griffier út mei 10 oeren wyks mei yngong fan 1 jannewaris
2005;
2. stel it delegaasjebeslút fêst neffens de bylage.
Ynlieding:
It wurkplan fan 'e griffy is troch it presidium fêststeld. Dêr binne yn fêstlein de taken en de om-
fang fan 'e griffy. Der is doe besluten ta in folslein tsjinstferbân fan 'e griffier. Dat hat oanlieding
west om by it fêststellen fan 'e begrutting 2005 jild dêr foar frij te meitsjen. No moat it rjochts-
posisjonele beslút noch nommen wurde.
Yn it delegaasjebeslút foar de útfiering fan 'e wurkbetingsten hat de Ried ûnder oaren it ferlienen
fan fakânsje en de beslúten omtrint Ontwikkeling, beoardieling, beleanning fan 'e griffier en de
meiwurkers fan 'e griffy oan har holden. Yn it presidium is ôfpraat dat dit better oan de foarsitter
fan 'e ried delegearre wurde kin, mei de betingst dat it presidium dêr by belutsen wurdt.
Arguminten:
1it is útfieren fan it wurkplan Griffy en de yntinsje sa as mei de begrutting 2005 troch de
Ried útsprutsen;
2. it is om foar te kommen dat mei soks alle kearen wer opnij in riedsbeslút frege wurde
moet.
Kanttekenings:
Gjin.
Der is oerlis west mei:
It presidium
Finânsjes:
Yn 'e begrutting 2005 is foar de oeren-útwreiding jild frijmakke
Utfiering:
P&O
09. Tsjinstferbân griffier/pomw/1