Pagina 6
Wethâlder Bouma: Men moat de goede dingen yn de gemeente ek foar eagen hâlde. Yn 11
doarpen sille plannen foar wenningbou komme. En dêr is yn it ferline lykas by de doarpsfernij-
ing al hiel wat bard. Soms moat men mei in pear doarpen oan de slach. Yn Grou en Akkrum
wenje ek de helte fan de ynwenners. De lytse doarpen wurde wis net ferjitten. It Onderwijs
soe 11 000 euro ynleverje dat út de gewoan begrutting helle wurde soe. Men soe lykwols
graach foar it nij lokaal Onderwiis belied honoreard wurde. Der is praat oer de nij Wet Wurk en
Bystân. Men moat der jild foar fine (sosjale aktivearing) mei elkoar as men dêr mear op ynset-
te wol. Der is earder praat mei it stichtingbestjoer fan Flechtlingewurk. It giet benammen om
begelieding fan minsken. It is in lestige kar, want oars soe it by it amtlik apparaat telâne
komme kinne. Men soe de foarjiersnota ôfwachtsje kinne. De heechste post is de profesjonele
meiwurker dy't de frijwilligers oanstjoere moat.
De hear Roorda (PvdA): Is it net mooglik om yn t gemeentekantoar in plakje dêrfoar te finen?
Wethâlder Bouma: Wol dy suggestje meinimme en it ûndersykje.
Wethâlder Jonkers: Het huidige zwembad wordt gefinancierd uit een voorziening tot 1 januari
2006. Er is op de bijeenkomst een bedrag van 150.000 euro genoemd en dat vonden vier
fracties haalbaar. In het komende jaar zal het college met een voorstel kommen. In de toelich
ting van de productbegroting: de huursubsidie is met ingang van 2005 konform de raamover
eenkomst die met de beheerstichting gesloten is. Het vrijwilligerswerk komt in het voorjaar
aan de orde.
De hear Bouma (VVD): It útbeteljen fan subsydzje kostet mear as de subsydzje. Kin dat oars
net regele wurde?
Wethâlder Jonkers: Dat zou correct kunnen zijn en hij wil er naar kijken.
De hear Van der Meulen (CDA): Docht de suggestie om by de folchoarder fan de twadde
termyn GB en VVD as earsten it wurd te jaan omdat dy nochal wat fragen hienen
De foarsitter: It giet neffens de folchoarder fan oanmelding.
Twadde termyn
De hear Bouma (VVD): It OZB-ferhaal komt werom yn it foarjier en fierder binne alle fragen
beäntwurde.
De hear Bijlsma (FNP): As men echt yn swier waar komt dan it leafst mei in knik yn de skoat.
Ljochtet de moasje nochris ta. As de stichting ophâlde soe, omdat it har oan de finansjele
middels ûntbrekt, dan soe dat betsjutte dat men dy frijwilligers net wer oproppe kin as dat
nedich is. Yn reaksje op GB: Men hat al twaeninheal jier oer de rekkenkeamer praat en foar de
begrutting fan 2005 soe dêrfoar wol in post opnommen wurde moatte omdat yn 2006 de
rekkenkeamer funksjoneare moat. De ried woe in ton op de pont besunige. In bedrach oan
hegere baten fan in ton kin de FNP-fraksje him net goed foarstelle. Oer it foarstel om it lokaal
Onderwijsbeleid te bekostigjen oant de foarjiersnota út de post Onfersjoen is net Onsympatyk.
Mar leafst wol eefkes op papier. Op de begelieding fan de jongeren soe neffens de FNP net
besunige wurde moatte.
De hear Van der Meulen (CDA): It is ferstannich dat men de kommende moanne eefkes sjocht
nei it plak fan it Flechtelingewurk. Hy is it net iens mei de krityk fan oare partijen dat der net
Ferslach 09112004/absh/6