BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 15 febrewaris 2005. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt troch 9 persoanen ynsprutsen oer punt 6 fan de wurklist en 1 per- soan sprekt yn oer punt 8 fan de wurklist 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Konform fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 25 jannewaris 2005. Mid. Konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. Ynkommen stik nú. 6: op fersyk van mefrou Dekker-Hoogeveen wurdt it kol- leezje frege ek it 4 maaie komitee hjirby te belûken. Foar it oare wurdt konform besletten. 6. Foarstel om yn te stimmen mei de romtelike beliedsstrategy "Akkrum op WWR koers". Tidens de behanneling fan dit punt wurde ferskate moasjes en amendeminten yntsjinne, te witten: 1. Troch de fraksjes fan VVD, GB 2000 en FNP wurdt in amendemint yntsjinne sadat it riedsútstel oanpast wurdt yn dy sin dat it kolleezje opdracht jûn wurdt om te kommen mei: "goed ûderbouwde en beargu- mintearre foarstellen, heldere arguminten en feiten om in goede ôfwa- ging meitsje te kinnen oer beide lokaasjes, op grûn wêrfan de ried in de- finityf beslút nimme kin". 2. Troch de fraksjes fan VVD, GB2000 en FNP wurdt in amendemint yntsjinne sadat it riedsútstel oanpast wurdt yn dy sin dat it kolleezje opdracht jûn wurdt om te kommen mei: "alternative trasees wêrby rekken holden wurdt mei in mooglike ynpassing fan de brede skoalle en in maksimale trochfarhichte fan 1.50 m fan de nije brêge oer de Polsle- at". 3. Troch de PvdA wurdt in amendemint yntsjinne wêrmei neiere beting- sten ferbûn wurde oan de realisaasje fan de brede skoalle op de lokaas je Akkrum-East te witten: beslutelist 15 febrewaris 2005/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 48