7. Yn romtlike sin (nedige grûnopp.), der alle beëage gearwurkingspart- ners ûnderbrocht wurde kinne (maksimaal twa bouwlagen), ynklusyf ûnt- slutingsdiken, parkearterreinen, en der in feilige berikberens makke wurde kin. 2. Der foldien wurde kin oan de wetjouwing; romtlike oardering en miijeu, ynklusyf de gelûdsoerlêst fan de RW 32 en omlizzende diken. 3. de beëage partners -foar de start fan de bou- it brede skoalkonsept nei- er útwurkje en ta neiere ófspraken te komen (konvenant) oer de ynhâld fan harren gearwurking. 4. De âiders, omwenjenden en de keatsferiening by de ferfolchproseduere belutsen wurde en der safolle as mooglik is rekken hélden wurdt mei harren belangen. 4. Troch de PvdA fraksje wurdt in amendemint yntsjinne wêrmei neiere betingten ferbûn wurde oan de realisaasje fan de brede skoalle op de lokaasje Akkrum-East, te witten: de realisaasje fan de brede skoalle en de multifunksjonele sporthal moat tagelyk plakfine. 5. Troch de fraksjes fan CDA en PvdA wurdt in amendemint/moasje yntsjinne mei as strekking dat de brêge oer de Meinesleat út de plannen ferwidere wurdt, de hichte fan de brêge oer de Polsleat te ferleegjen ta sloeprûte-hichte (op- en ôfritten binnen de breedte fan it farwetter) en ferpleats de ferfallen lisplakken nei de UT-wei/swaaikom. En draagt it kolleezje op om mei ferkearsmaatregels te kommen dy't soargje foar in lykwichtige ferkearsstreamferdieling oer de rûte Ljouwerterdyk, Hee- chein, Leechein, Rakswâl, Ut-wei(haadstream), en de rûte Ljouwerter dyk, Ut-wei(vise/versa), dit yn oerlis mei belanghawwenden. It kolleezje hat it earste en twadde amendemint ôfret en hat oanjûn har fine te kinnen yn it earste amendemint fan de PvdA omdat hja fan miening is dat de brede skoalle dêr situearre wurde kin. Oangeande it twadde amendemint fan de PvdA jout it kolleezje oan dat de lokaasje Akkrum-East de measte kâns biedt op it realisearjen fan in brede skoalle yn kombinaasje mei in multifunksjo nele sporthal. It kolleezje kin har teffens fine yn it amendemint/moasje fat it CDA en PvdA. De meast fiergeande amendeminten (1 en 2) binne yn stimming brocht mei as resultaat fan beide stimmingen 9 stimmen foar en 8 stimmen tsjin. De amen deminten fan de PvdA binne hjirtroch net mear relevant en dus net yn stim ming brocht. It amendemint/moasje fan it CDA en PvdA is ynlutsen. Nei de útslach fan de stimming oer de amendeminten 1 en 2 hat it kolleezje oanjûn dizze net útfiere te kinnen. It berie is dêrnei staakt. Beslútfoarming oer it eigentlike útstel hat net mear plakfûn en is trochskowd nei de riedsgeargom- ste fan 15 maart 2005. 7. Foarstel oangeande it oanpassen fan it troubelied. B&S Net behannele, is trochskowd net de riedsgearkomste fan 15 maart 2005. Side 2 beslutelist 15 febrewaris 2005/iajb/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 49