Side 4 De foarsitter: Stelt vast dat de kanttekening van de heer Van der Meer goed genoeg naar vo ren gekomen is. Er wordt volgens het voorstel besloten. 7. Foarstel om yn te stimmen mei de 'Kadernotitie jeugd- en jongerenwerk Boarnsterhim' De hear Van der Meulen (CDA): De CDA-fraksje is ynnommen mei de kadernotysje. Ek de jongeren wiene optein oer de wurkwize. Men kin hjir goed fierder mei. De hear Bijlsma (FNP): De FNP-fraksje fynt it tige spitich dat mei dizze notysje de jongeren- wurker ferfalt en dat men op ad hoe basis wurket. De FNP-fraksje hat lykwols mear probleem mei it first in- first out prinsipe. Tsjinnet dêrta in amendemint yn en lést dat foar. De tekst is sa: "De ried fan de gemeente Boarnsterhim, by elkoar yn har gearkomste op 25 jannewaris 2005, mei oan de oarder wurklistpunt 7 (Kadernotitie jeugd- en jongerenwerk Boarnsterhim), oerwaagjende dat: - dit in ramtnotysje is wêryn't de ried de kaders fêststelt foar it kolleezje hoe't dy yn de kommende tiid wurkje sil,oan en mei it jongereinwurk it net sa wêze kin dat de ried de kaders oanjout, dy't mooglik wer feroare wurde oan de hân fan noch mei it jongereinwurk te fieren petearen (sjoch ûnder it kopke 'raadscommis sie') it subsydzjeprinsipe 'first in-first out' gjin garânsjes is, dat de beskikbere subsydzjes even- redich en lykwichtich ferdield wurde de ried by it fêststelle fan de kaders dizze garânsje wol hawwe wol; beslút om it subsydzjeprinsipe 'first in-first out' te skrassen en te ferfangen troch in subsyd- zjeferdieling op basis fan oerlis tusken it ferskate jongereinwurk yn it JOB (Jongerein Oerlis Boarnsterhim) en de gemeente Boarnsterhim, en giet oer ta de oarder fan de gearkomste." De hear Roorda (PvdA): De PvdA is bliid mei de notysje. Soe graach nei in jier sjen hoe't ien en oar ferrûn is. De subsydzjeferdieling neffens it first in- first out prinsipe kin ek fan de PvdA gjin ynstimming krije en men stipet dêrom it amendemint fan de FNP oer dit punt. Wethâlder Van den Berg: Men heeft het afgelopen jaar gewerkt zonder jeugd- en jongeren werker. Dat is goed verlopen. Men wil na een jaar in de commissie terugkomen om over even tuele bijstellingen te kunnen spreken. Men heeft met de jeugd (in het frequente JOB-overleg) over het first in- first out principe gesproken. Het college stelt voor om de kadernota aan te passen en de passage over het first in- first out principe out weg te laten. En dat op basis van activiteiten beoordelingen gemaakt zullen worden. Met de toezegging van het college lijkt haar het amendement overbodig. Twadde termyn De hear Bijlsma (FNP): Mei de tasizzing fan de wethâlder liket it him ta dat it amendemint yn- lutsen wurde kin. Soe ek graach nei in jier evalueare. De hear Roorda (PvdA): Tank oan de wethâlder foar de tasizzing, ek op it punt fan de evalu- aasje. De foarsitter: Er wordt volgens het voorstel besloten. 8. Foarstel ta it formulearen fan it 'Horecageluidbeleid en effectuering' Mefrou Verkerk (VVD): Boarnsterhim hat alris in ûndersyk dien nei it lûdsnivo fan de bedriu- wen. Om hoefolle bedriu wen giet it en is der in grut ferskil tusken de wetlike rjochtlinen en de útkomsten fan no? Men hat 200 oeren berekkene en dat liket de VVD in hiel protte. 04. Ferslach 25-01-2005/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 9