Side 5
leezje hannelt net iepen. Sa kin men net in goede kar meitsje. De VVD sil mei de FNP en GB
mei in moasje en amendemint komme.
De hear Van der Meulen (CDA): Merkt op dat in projektûntwikkelder sa (yn de brief mei wur-
den as manipulaasje) net mei de gemeente oangean kin. Hat de VVD seis berekkeningen
makke?
De hear Bouma (VVD): Hy tinkt net dat Ballast Nedam mar wat swetst.
De hear Hemminga (GB): Yn Akkrum op koers wurdt net de goede relaasje lein. Der soe in
goede ôfstimming wêze moatte mei de takomst fan Boarnsterhim. In dúdlike fisy oer in lange
re perioade ûntbrekt. Hy wol graach útgean fan in "helikopterview". It wetter, de rykswei en
it spoar rinne troch it doarp. De leefberheid stiet yn doarpen ûnder druk en dat is yn Akkrum
ek sa. Gelokkich hat men noch it foardiel fan it toerisme. De gemeente moat stjoering jaan
°an rjochting en foarsjenningen sadat minsken nei it doarp komme kinne. De útwreiding leit
yn Akkrum súdwest. Men moat ta in keuze komme. De Buorren moat autolij wurde. It sintrum
moat lykwols goed berikber bliuwe foar de toeristen en bewenners. Men hat yn de riedskom-
misje frege nei in Onderbouwing fan de problematyk rûnwei/rânewei. De rûnwei wie neffens it
kolleezje net betelber. Oant minder as in wike ferlyn krige men gjin oare ynformaasje. Hoe sit
it mei de ynformaasjeplicht fan it kolleezje? It is in kwealike saak dat it kolleezje oan de ried
ynformaasje ûnthâlden hat. De saken dy't troch Ballast Nedam oandroegen binne, moatte op
har merites besjoen wurde. Foar Grou in Beweging hat it kolleezje krekt oanjûn dat merkpar-
tijen wichtich binne. No wurdt der in merkpartij samar oan de kant set.
De hear De Vries (PvdA): Men hat op de iepenbiere gearkomste de konklúzje lutsen dat men
op in dea spoar siet en dat is wat oars as oan de kant sette. De kleur dy't de hear Hemminga
deroan jout is neffens him net op syn plak.
De hear Hemminga (GB): De krityk fan Ballast Nedam wie dat de sifers by it foarstel fan it
kolleezje net reëel wienen. Dat wie op himsels hiel transparant.
De hear De Vries (PvdA): In merkpartij komt mei oar sifermateriaal as it kolleezje. Wêrom soe
it sifermateriaal fan it kolleezje dan net doge?
De hear Hemminga (GB): It giet om hiele grutte bedraggen en dêrom soe men dernei sjen
moatte. Der moat in oantal saken yn gong setten wurde. De brêge moat net te heech wêze
(maksimaal 1.50m). GB folget yn it trasee fan de rânewei net de oanbefellings yn Akkrum op
koers. De brêge yn de Ljouwerterdyk kin bestean bliuwe. Neffens eigen ynformaasje wol de
provinsje ek net mear as 50% bydrage. De Meinesleat soe men wat omlizze kinne om in oar
plak foar de brêge te kreëaren. It kenmerk fan in brede skoalle is dat de learkreft him dwaan-
de hêldt met it ûnderwiis. It hoecht net perfoarst op ien plak. Der moat ûnderwiis-ynhâldlik
gearwurke wurde. De yntinsje is der wol, mar konkreet is der neat ynfold. Men mist yn it oer-
sjoch ek de demografyske Ontwikkeling op de lange termyn. Men is ferwûndere dat de skoal-
len weromfalle woenen op de eardere plannen as de ried net ynstimme wol mei de lokaasje
Akkrum east.
De hear De Vries (PvdA): Hoe swier waget foar de hear Hemminga it advys fan de bestjoers-
kommisje?
De hear Hemminga (GB): Dat waget seker mei. Lokaasje east is der lykwols pas yn in letter
stadium by kommen.
ferslach 15022005/absh/5