Side 6 De hear Van der Meulen (CDA): Binne de arguminten foar east der dan by socht? De hear De Vries (PvdA): De lokaasjes binne lykweardich. Wêrom dan net it advys fan de be- stjoerskommisje folge? De hear Hemminga (GB): Wat is deroan dien om de snelheid te befoarderjen? Der hat gjin oer- lis west mei grûneigners. Der is net praat mei de wenningboukorporaasje. Der binne proble men te ferwachtsjen mei de lûdsirkels. Troch spekulaasje kin de grûnpriis heech oprinne. Hoe tinkt de provinsje oer in fierdere bebouwing? Der is gjin foardiel ten opsichte fan de lokaasje súdwest. Alteast is dat net ûndersocht. Foar de skoalle is de kar foar east net lestich, want dy sit net mei dy oare saken. Wiist wer op de helikopterview. It jout gâns in stik foardiel dat de sporthal by it sintrum stean kin. GB hat in dúdlike foarkar foar súdwest. Men giet lykwols ek fan oannames út. GB wol in dúdlik objektyf ûndersyk nei de lokaasjes east en súdwest. De hear Van der Meulen (CDA): PB hat dochs ek nei de lokaasjes sjoen? De hear Hemminga (GB): It bestjoer fan PB hat gjin kar makke. Mefrou Minkes (PvdA): Men hat lykwols in mandaat jûn oan de bestjoerskommisje. De hear Hemminga (GB): Dat wie om it ûnderwiis ynhâldlik yn te foljen, mar net foar de lo kaasje. Dat is oan de ried. Men moat sjen nei de takomst fan Akkrum en op basis dêrfan in beslút nimme. Op dit momint kin men net ta in beslút komme. Tsjinnet twa moasjes yn en lést dy foar: "De ried fan de gemeente Boarnsterhim, by inoar yn har gearkomste fan 15 febrewaris 2005 en gear oer punt 6 fan de wurklist ("Akkrum op Koers"), oerwaagjende dat: - de meast logyske útwreiding fan Akkrum mei u.o. wentebou yn de omkriten fan Akkrum Súdwest plakfine sil, - dit gebiet op in knappe wize ûntsletten wurde moat, der no al rekken mei dizze nije wentebouplannen hélden wurde moat, - der no, troch de plannen fan it kolleezje om de rânewei pal neist de UT-wei te lizzen, in protte oerlêst foar de bewenners fan de UT wei ûntstiet, - der lykwols rap wat dien wurde moat om de Buorren ferkeerslij te meitsjen - in brêge oer de Polsleat mei in trochfearthichte fan 2.50 m. de wenkwaliteit fan de om- wenjenden oantaastet en foar de rekreaasje gjin sin hat - dizze oerlêst fermindere wurde kin troch it trasee fan de nije rânewei tusken de nije brêge oer de Polslaet en it Dwerspaad nei it súden te ferskowen, sadanich dat in eventuele ynpas- sing fan in brede skoalle mooglik is, de trochfearthichte fan de nije brêge oer de Polsleat 1,50 m te meitsjen en it plak en de hichte fan de Riemersmabrêge net te feroarjen De romte dy't dertroch ûntstiet in eventuele ynpassing fan de brede skoalle mooglik makket sjoen it feit dat merkepartijen wol mei kreative oplossings komme draacht it kolleezje op mei alternative trasees te kommen wêrby't rekken holden wurdt mei in eventuele ynpassing fan de brede skoalle en in max. trochfearthichte fan 1,50m fan de nije brêge oer de Polsleat. en giet oer ta de oarder fan de gearkomste." "De ried fan de gemeente Boarnsterhim, by elkoar yn har gearkomste fan 15 febrewaris 2005 en gear oer punt 6 fan de wurklist ("Akkrum op Koers"), oerwaagjende dat: ferslach 15022005/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 11