Side 7 - der nochal wat oanwizings binne, sawol amtlik as út ûndersyk fan Bügel/Hajema, dat de bre de skoalle op de lokaasje Akkrum-Súdwest better ta syn rjocht komt - it brûken fan de lokaasje fan de âlde M.U.L.O. betsjut, dat der foar de ien-en twapersoans- húshâldings, dy't yn dit gebou húsfestige binne, oare romte socht wurde moat en dat dermei in karakteristyk gebou ôfbrutsen wurdt - dizze lokaasje folslein ûnfoldwaande is om de brede skoalle op te realisearjen - dat de konklúzje, dat der op Akkrum-East earder en flugger boud wurde kin, net rjochtfear- dige is fanwegen it ûntbrekken fan foldwaande en aktuele ûndersyksgegevens - de lokaasje Súdwest sintraler yn it doarp leit, mei namme ek sjoen de takomstige plannen foar wentebou yn dizze omkriten - de skoallen, mar ek de der oan taheakke oare foarsjennings, in sintraal plak yn it doarp yn- nimme en dat ek fertsjinje en derom net yn it folie ôfsidiger lizzende Akkrum-East telâne kom- me meie - de kombinaasje tusken de brede skoalle, de sport en de rekreaasje optimaal realisearre wur de kin op de lokaasje Súdwest, jout oan, dat der op basis fan dizze arguminten in foarkar bestiet foar de lokaasje Akkrum- Súdwest en jout it kolleezje opdracht om foar de riedsgearkomste fan 10 maaie 2005 te kommen mei goed ûnderboude en beargumintearre útstellen, heldere arguminten en feiten om in goede ôfwaging meitsje te kinnen, oer beide lokaasjes, op basis werfan de ried in definityf beslút nimme kin. en giet oer ta de oarder fan de gearkomste." De hear Bijlsma (FNP): Der wurde by Akkrum op koers in protte saken oan inoar knope. Hy hat dêr wurdearring foar. Mar der binne in pear minpunten. De rânewei ferpleatst de proble men nei de Ulbe Twijnstrawei. In brêge fan 1.50m is heech genôch. Foar gruttere boaten kin de swaaikom brûkt wurde. Der is net sjoen nei in kreative oplossing. In rûnwei of oare farian- ten. Binne de oare farianten mei opset troch it kolleezje djoer makke? Wêrom moat de brêge oer de Meinesleat 4 miljoen kostje, wylst Ballast Nedam dêr 2 miljoen foar rekkent? Wa hat no gelyk? Men moat rjocht dwaan oan de bewenners fan de Ulbe Twijnstrawei. De FNP stipet de moasje fan GB. Dizze notysje is bedoeld as in fisy. Yn dat ramt soe it logysker wêze om te kiezen foar Akkrum súdwest. It leit, benammen mei it each op de takomst, sintraler. By dy helikopterview komt men út op de lokaasje súdwest. De arguminten fan it kolleezje foar Ak krum east binne flintertin. De âld ulo-skoalle is net grut genôch en wurdt no bewenne. Hat der oerlis west mei Wenwille? Wat binne de mooglikheden yn súdwest, binne der al bouteke- ningen? Der is neat dien oan fierder ûndersyk. De FNP kin no gjin beslút nimme. De hear Van der Meulen (CDA): Yn 2002 hat de hear Bijlsma as wethâlder de projektgroep de opdracht jûn om ta oerienstimming te kommen. Dêrnei soe der nei de planologyske ynfolling sjoen wurde. Men wie útkommen op east en moat dat no wer weromnommen wurde? De hear Bijlsma (FNP): Der wie oerienstimming oer twa lokaasjes dy't op dat stuit beide net koenen. De ried giet oer de lokaasje. Der hat in hiel proses west mei in grut tal lokaasjes en de ried moat der no ynfolling oan jaan. De hear De Vries (PvdA): Der libje in protte emoasjes om dit stik hinne. Dat is goed dúdlik wurden op alle gearkomsten. Men hat mei minsken en organisaasjes praat. Der spylje yndivi- duele en kollektive belangen. By Grou in Beweging hie it kolleezje in goede metodyk te pak ken. Akkrum op koers is der ek út fuortkommen. Hy hat net it gefoel dat it dizze jûn der goed útkomt. Der lizze moasjes en amendeminten dy't beslútfoarming foar him útskowe. Men moat de krêft hawwe om in beslút te nimmen. Akkrum wol dúdlikheid op it mêd fan ûnderwiis, sport, wentebou, âlderein en soarch, toerisme,bedriuwichheid ensfh. Dat sit allegearre yn de ferslach 15022005/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 12