Side 2 By dit hiele proses hat de fertrouwenskommisje him goed begeliede litten om sa yn in ridlik koar- te termyn sa'n goed byld fan de kandidaten te krijen dat der ek in oardiel oer foarme wurde kin. Der wiene dus twa kandidaten oerbleaun, dy't neffens de fertrouwenskommisje allebeide de baan oan kinne en dy't beide nijsgjirrich, útnoegjend en ynspirearjend binne. Doe hat de fertrouwens kommisje trije saken in wichtige rol spylje litten: wêr komme we wei?, wêr steane we no? En wêr wolle we hinne? En wat binne dén de beslissende faktoaren. Dan folget in heldere analyze binnen de fertrouwenskommisje en dy heldere analyze en in goede ôfwaging fan wichtige saken hawwe deryn resultearre dat de fertrouwenskommisje unanym besletten hat mefrou mr Petronel- la Schadd-de Boer op nûmer ien fan de foardracht te setten. Sy is berne op 27 oktober 1949 yn Rheden, is troud, hat fiif bern, politike partij is de PvdA, oplieding Sosjale Akademy en in dokto raal Nederlânsk Rjocht. Fan 1994 oant 1998 riedslid yn de gemeente Rheden, fanôf 1995 as fraksjefoarsitter fan de grutste riedsfraksje, fan 1998-2002 wethâlder yn Rheden mei yn de por- tefúlje wolwêzen, folkssûnens en sosjale saken en fan 2002 oant no wethâlder yn Rheden mei de portefúijes romtelike oardering, finânsjes, grûnsaken en it projekt "Hart fan Dieren" .Sy hat ek in tal moannen, fanwegen in fakatuere yn 2004, loko-boargemaster west yn Rheden. Njonkenfunk- sje; fan 1990 oant no ta advokaat en fanôf 1994 hat sy in eigen praktyk. Yn it riedsfoarstel stiet it folgjende: de bestjoersstilen "netwurker", "koersbepaler" en de kompetinsjes fleksibel gedrach, sinjaalgefoelichheid, transparânsjefermogen, empatysk fermogen, diedkracht en fisy útdrage bin ne de kwaliteiten dy't yn de profylskets opnommen binne. Mefrou Schadd-de Boer hat oangean- de dizze kompetinsjes blyk jûn dêroer te beskikken. Mefrou Schadd-de Boer komt oer as in ynte- ger bestjoerder, fleksibel wêr nedich om it beëage resultaat te heljen. Diedkracht en fisy binne yn romme mjitte oanwêzich. Sy lit persoanlike belutsenheid sjen mei in goed gefoel foar it saaklik- ynhâldlike: in stevige diskusjepartner dy't oan har stânpunten fêsthâldt sûnder dêrby de rjocht- feardichheid út it each te ferliezen. Mefrou Schadd-de Boer hat har presintearre as in lykwichtich persoan. De ried sjocht yn har in krachtige foarsitter dy't sawol it kolleezje as de ried op de krek- te koers sette en hâlde kin. Har wize fan wurkjen sil by de ferskate geledingen binnen de ge- meentelike organisaasje, mar ek dêrbûten, fertrouwen wekke. Binend fermogen en oertsjû- gingskracht binne kwaliteiten dêr't sy oer beskikt. Sjoen de ambysjes fan de gemeente Boarn- sterhim wurdt socht nei in boargemaster dy't in polityk-bestjoerlik klimaat kreëarret dêr't krach- tich en konsistint yn gearwurke wurdt. De ried is fan miening dat mei mefrou Schadd-de Boer dizze boargemaster fûn is. De fertrouwenskommisje is klear en de ried is klear. Der is socht nei de béste boargemaster en dy is dan ek fûn. De ried hat besletten en no is it oan oaren om op ús wurk in kroan te setten en ta beneaming oer te gean. Mei de passive behearsking fan it Frysk komt it goed mei mefrou Schadd-de Boer. Har tasizzing oan de fertrouwenskommisje om har ek ynspanne te wollen om it Frysk te sprekken jout de oertsjûging dat op net al te lange termyn de earste foarsichtige resultaten dêrfan sjoen wurde kinne. Mefrou Schadd-de Boer hêldt fan oan- pakken, dêrfan hat se de ried oertsjûge. Mar se hêldt dêrby each foar har omjouwing, harket nei minsken, stjoert by as dat moat, stipet minsken as dat nedich is, makket saken helder, sil ek saaklik en beslútfeardich wêze en is by steat om ried en kolleezje op koers te setten en te hélden. In waarme, sympatike en yntelliginte frou, die goed past by it karakter fan ús gemeente en har ynwenners. De ried hat der alle fertrouwen yn dat mefrou Schadd-de Boer de hege ferwachtings fan de fertrouwenskommisje en de ried wiermeitsje sil. Hy winsket hat op dit stuit en op dit plak út namme fan de ried alle sukses ta. De hear Roorda (PvdA): seit dat syn fraksje tige ynnommen is mei de foardracht. Ek it flugge en gedegen wurk fan de fertrouwenskommisje hat de wurdearring fan syn fraksje. Der is in profyl skets opsteld mei nochal wat winsken. Hy begrypt dat mefrou Schadd-de Boer dêr yn romme mjitte oan foldocht. De foarútsichten lykje hiel goed. Hy fertrout dan ek op de komst fan in goede boargemaster. De voorzitter concludeert dat de raad conform het voorstel heeft besloten. 04. ferslach 03022005/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 4