BOARNSTERHIM gemeente u B E S L T E L I S T Riedsgearkomste: 15 maart 2005. Rektifikaasje op side 4 boppeoan Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt troch fjouwer persoanen ynsprutsen oer agindapunt 7 en troch ien persoan oer agindapunt 10. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Troch de FNP en GB 2000 wurdt in moasje yntsjinne mei as Onderwerp "Be- andering fragen troch de wethâlder by de behanneling fan it "Convenant Herstructurering", yn de kommisje WWR en de Riedsgearkomste". Besletten- wurdt dit as agindapunt 21 ta te foegjen. Op foarstel fan de hear Hemminga wurdt besletten de behanneling fan aginda punt 7 te splitsen. Agindapunt 7a giet oer it agindapunt sa as dat ek yn de riedsgearkomste fan 15 febrewaris op de aginda stie, en giet sa: Stim yn mei de útgongspunten en de oplossingsrjochtings sa as neamd yn de romtlike be- liedsstrategy "Akkrum op Koers". Agindapunt 7b giet sa: Stel foar de oankeap fan de lokaasje Akkrum East ta lést fan de reserve ûnderwiishúsfesting in be- drach fan 415.000,00 beskikber. De hear Janse stelt foar om agindapunt 9 fan de aginda óf te heljen omdat troch de ried net yn it iepenbier sprutsen wurde kin oer de eksploitaasjeopset. It foarstel fan de hear Janse wurdt net oernaam. Foar it oare wurdt de aginda konform fêststeld. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 3 en 15 febrewaris 2005. Mid. Ferslach fan 3 febrewaris 2005 konform fêststeld. Ferslach fan 15 febrewaris. De hear Bijlsma jout oan dat op side 10, 3e alinea stiet: "It kolleezje riedt de moasjes fan GB en VVD óf." Hjiroan moat "FNP" tafoege wurde. De ried stimt yn mei dizze oanfolling. De hear Roarda jout oan dat op side 14, yn de op ien nei léste alinea, stiet: It kolleezje hat de moasjes/amendeminten ófred". It wurd moasjes moat weilitten wurde. De rie stimt dêrmei yn Mefrou Dekker jout oan dat by itjinge hja sein hat oer agindapunt 5 hja de ta- sizzing fan de wethâlder mist yn it ferslach. De hear Jonkers befêstigd dat hy tasein hat dat ek it 4 maaie komitee derby belutsen wurde sil. beslutelist 15 maart 2005/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 71