De hear Bouma wol dat de letterlike tekst fan itjinge hy by agindapunt 6 yn de earste termyn sein hat opnommen wurdt yn it ferslach. Besletten wurdt dat net de letterlike tekst opnommen wurdt en dat de hear Bouma yn in gearfet- ting oanjout wat hy oan it ferslach tafoegje wol. It ferslach wurdt oanholden en opnij op de wurklist set foar de riedsgearkom- ste fan 12 april 2005. 5. Ynkommen stikken. Mid. Konform besletten. 6. Foarstel ta it beneamen fan in kommisjelid. Mid. Konform besletten. 7. Foarstel om yn te stimmen mei de romtelike beliedsstrategy "Akkrum op WWR koers". Ofwikend besletten. It giet oer de fuortsetting fan de behanneling fan de riedsgearkomste fan 15 febrewaris wêr't it berie oangeande dit agindapunt staakt is. It berie yn de 3e en 4e termyn (1e en 2e termyn wiene op 15 febrewaris 2005) blykt dat der gjin mearderheid mear is foar de op 15 febrewaris yntsjin- ne amendeminten fan GB 2000, VVD en FNP. Wol wurdt oanjûn dat fan it kol- leezje ferwachte wurdt dat op termyn plannen foar de trasees foar in rânewei ûndersocht wurde. Dêrnei wurde de amendeminten fan de PvdA die op 15 febrewaris net yn stimming brocht binne (fanwege it fiergeande karakter fan de amendeminten fan GB 2000, VVD en FNP) yntsjinne. Amendemint 1., op grûn fan kêst 33 fan in reglemint fan oarder by agindapunt 6, it foarstel om yn te stimmen met de útgongspunten en oplossingsr/ochtings sa as neamd yn "Akkrum op Koers" ynklusief bylage: Neier ûndersyk brede skoalle dd. 2 febrewaris 2005. Oangeande kluster 3.; De brede skoalle en sporthal en útwurking plan fan oanpak Brede Skoalle: Yn oerwaging nimmende dat; Wy no al jierren prate oer de realisaasje fan in brede skoalle yn Akkrum en it sjoen de steat fan ûnderhâld fan de hjoeddeiske skoalgebouwen net ferant- wurde is de lokaasjekar noch langer út te stellen. By de realisaasje fan in brede skoalle wy in sa folslein mooglik foarsjen- ningsnivo foarstean, omdat dit yn it belang is foar de ynwenners-yn it foarste plak Ontwikkeling fan de bern-fan Akkrum en Nes It gearfoegjen (húfesting) fan besteande skoallen en oare foarsjennings op sich noch gjin brede skoalle oplevert. Hjierfoar in fierdergeande Ontwikkeling en yntegraasje nédich is. De gearwurking tusken de be/anghawwenden noch fierder útwurke wurde kin. Side 2 beslutelist 15 maart 2005/iajb/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 72