Side 4 6. Foarstel om yn te stimmen mei de romtlike beliedsstrategy "Akkrum op koers" De foarsitter: De ried en it kolleezje sille de opmerkingen fan de ynsprekkers meinimme. De hear Van der Meulen (CDA): De CDA-fraksje rekkent derop dat der dizze jûn besluten nommen wurde. Feilichheid en ûnderwiis binne spearpunten fan it programma fan it CDA. Der moat no wat barre en met moat it konsept fan de brede skoalle brûke. It CDA wie bliid dat de partijen it oer it konsept en it plak iens wurde koenen. Planologysk koe it ek. De projektgroep wie der út: Akkrum east. De berikberheid is ek in tige wichtige saak fan omtinken. Yn ien loop kin men nei de A32 as men de bern nei Akkrum east brocht hat. De Buorren is te drok en te gefaarlik. Men hat it yn 1996 ek der al oer hân. Protesten hawwe derfoar soarge dat der neat bard is. De Buorren moat men autolij meitsje, mar Akkrum mei gjin dea doarp wurde. It kolleezje hat nije plannen makke. Men kiest net foar in rûnwei. Ballast Nedam hat in oar plan, mar wol ien mei betingsten (500/250 kontinginten). Dat kin net foar de lytse doarpen. De toan fan de projektûntwikkelder is der ek fier by troch. It CDA komt mei in oar foarstel. De brêge by de Meinesleat sjocht men net sitten. It ferkear kin foar de Buorren oan de ein fan it Heechein ôfbûge en dan fierder útkomme by de nije brêge oer de Polsleat. De CDA-fraksje pleitet dêrfoar om dy brêge op sloephichte te bringen. De lisplakken dy't men kwyt rekket kin men oan de râne fan de swaaikom weromkrije. De pine moat men ferdiele oer de hjoeddeisti- ge rûte en de Ulbe Twynstrawei. Lést it amendemint foar: "De gemeenteraad van Boarnsterhim bijeen in de vergadering van 15 februari 2005 bij agendapunt 6 "Akkrum op koers" Overwegende dat: 1 .De door het college voorgestelde nieuwe brug over de Meinesleat ter hoogte van de fam. Hooghiemster voor ondertekenaars te weinig toegevoegde waarde (t.o.v. de kosten) en te veel overlast met zich meebrengt 2.Dat de voorgestelde hoge brug (2.5m) over de Polsleat voor te veel overlast zorgt (optrek ken/afremmen verkeer, uitzicht) 3. Dat de door het college voorgestelde hoofdverkeersstroom, over de UT-wei, voor teveel problemen zorgt en te weinig waarde toevoegt Besluit: Ad1De voorgenomen brug over de Meinesleat uit de plannen te verwijderen Ad2: De hoogte van de voorgenomen brug over de Polsleat te verlagen tot sloepenroute hoogte (op/afrit binnen de breedte van het vaarwater), en verplaats de vervallen ligplaatsen naar de UT-wei/zwaaikom En draagt het college op: Ad3 met verkeersmaatregelen te komen die zorgen voor een even wichtige verkeersstroom verdeling over route Ljouwerterdyk, Heechein, Leechein, Rakswal, UT-wei (hoofdstroom), en de route Ljouwerterdyk Ut-wei (vice versa), dit in overleg met be langhebbenden. En gaat over tot de orde van de dag" De hear Bouma (VVD): Yn novimber is der eins al in poging dien om de ried alfêst in start meitsje te litten troch de oankeap fan in stik grûn yn Akkrum East. It kolleezje is yn iepenheid en ynformaasjeplicht tekoartsketten. De VVD hat altyd keazen foar Akkrum West en dat wie neffens BügelHajema ek it gaadlikste plak. De VVD woe eins in skoalle op it UT-terrein bou- we. It kolleezje hat noait goede arguminten oandrage kinnen om dit oars te sjen. Yn de neiste takomst is it wol dúdlik dat Akkrum him yn súdwestlike rjochting ûntjouwe sil. Dêr moat ek romte wêze foar wentebou. Der is in kreatyf plan fan Ballast Nedam. Dêr steane nijsgjirrige saken yn en it kolleezje is der net op in goede manier mei omgien. Der is ek op in nuvere ma nier mei de sifers omgien. Der is no noch gjin goed ûnderboud plan. Untsluting en parkearen binne net dúdlik ûndersocht. Der is gjin fisy, it kolleezje komt mei frjemde bedraggen en it kol- ferslach 15022005/absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 9