Side 9 De hear Hemminga (GB): Wat is koarte termyn? Mei wat foar gegevens kin men dat ûnder- bouwe? De hear De Vries (PvdA): Hy hat it oer in kolleezjefoarstel om yn Akkrum east ta in brede skoalle te kommen. It feit dat men de brede skoalle realiseare kin is wichtiger as it feit wêr't dy skoalle komt. Der leit in basis foar in breed konsept. De minsken fan it ûnderwiis binne der út en hawwe de úteinlike kar foar Akkrum east makke. As men sa'n lykwicht hat tusken twa lokaasjes, dan is it advys fan sa'n bestjoerskommisje fan grut belang. No hat men ek in kâns om wat te dwaan oan de ferkearsdrokte yn it sintrum fan Akkrum. De tredde kâns is dat dat der mei it realisearen fan de brede skoalle ek kânsen binne foar de sport foar in multy- funksjonele sporthal. De hear Hemminga (GB): Hy mist yn it betooch in totaalfisy op Akkrum. Der is mear as allinne de brede skoalle. De hear De Vries (PvdA): It proses fan de wurkgroep hat suver west en PB hat de saak ek goed oppakt. It fait te begripen dat it bestjoer fan de sporthal foar súdwest is. De bewenners binne ferdield. De PvdA-fraksje fynt dat men it advys fan de ûnderwiiskommisje opfolgje moat. Der sitte útwreidingsmooglikheden yn súdwest, mar men kin der no net in foarskot op nimme. Dêrfoar binne der te min kontinginten. Op termyn soe men miskien wol by steat wêze om in rûnwei te realisearen. De provinsje wiist derop dat men mei de kontinginten nei Onderen giet. As men dan foar de rûnwei kiest dan set men de Ontwikkeling foar de lytse doarpen op slot. En dêroer hat de ried ôfspraken makke. In rânewei moat mei de minst mooglike ynset fan finânsjes in sa'n grut mooglik resultaat hawwe. De brêge oer de Meinesleat jout te folie druk foar de ynwenners en de bedriuwen. De Boarn kin ferbettere wurde op dat plak en de brêge kin bliuwewêr't er no sit. As de provinsje der in hegere brêge hawwe wol, dan moat dy ek mar mei jild oer de brêge komme. Der moat wol by de Polsleat in brêge komme op sloep- hichte. It plan fan Ballast Nedam wurdt troch guon partijen waarm omearme. De hear Hemminga (GB): GB omearmet net it plan fan Ballast Nedam, mar men wol it pro bleem op in kreative wize benaderje. De hear Bouma (VVD): It giet om de ynhâldlike gedachte yn it plan fan Ballast Nedam. It kol- leezje hat te folie stil sitten. De hear De Vries (PvdA): It is mooglik om de rânewei der yn te lizzen. Op termyn kin der in oansluting op oare plannen makke wurde. Hy hopet dat de portefúljehâlder oanjaan kin hoe't men omgiet mei de opmerkingen fan de Ballast Nedam. Hy nimt oan dat der wol in reaksje komt. De PvdA is wol ferbjustere oer de toan fan de útspraken fan Ballast Nedam yn de kran- te. De hear Bouma (VVD): It inisjatyf kaam dochs fan de PvdA? Dy woe dochs mear ynformaasje fan Ballast Nedam? De hear De Vries (PvdA): Hy tinkt dat it léste wurd ek fan de kant fan it kolleezje dêr noch net oer sein is. Tsjinnet twa amendeminten yn en lést dy foar: Amendement 1op grond van art. 33 van het reglement van orde bij agendapunt 6, het voorstel om in te stemmen met de uitgangspunten en oplossingsrichtingen zoals genoemd in "Akkrum op Koers", inclusief bijlage: Nader onderzoek brede school dd. 2 febr. 2005. m.b.t. het cluster 3.; De brede school en sporthal en uitwerking plan van aanpak Brede School: 04. ferslach 15022005/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 11