Side 12 De hear Hemminga (GB): Der is oanjûn wêr't de skoalle boud wurde moatte soe. Hy woe der- oer dúdlikheid hawwe. Hy hat dy net krije kinnen. Der soene swierrichheden komme kinne by dy lokaasje. Der is û.o. in lestige ferkearssitaasje. De hear Van der Meulen (CDA): As men mear as 4000 m2 hat en de skoalle hat 1000 m2 ne- dich, wat foar probleem soe der dan wêze? De hear De Vries (PvdA): As de hear Hemminga in tekening krijt en op syn punten oertsjûge wurdt dan kin men dat likegoed oan it amendemint fan de PvdA taheakje. De hear Hemminga (GB): Hy hat ek oare oerflakmaten heard. Hy mist ek de totaalfisy op Ak- krum. GB seit net dat it perfoarst yn súdwest komme moat, mar men wol alles goed dúdlik ûndersocht hawwe. De hear De Vries (PvdA): Wêrom kin GB net meigean mei de advizen fan de bestjoerskommis- je en PB? De hear Van der Meulen (CDA): Hy snapt net dat de partijen dy't oars ek altyd hechtsje oar. de miening fan PB der no oan foarby giet. De hear Bijlsma hâldt him net oan eardere ôfspra- De hear De Vries (PvdA): PB hat sein dat it advys fan de bestjoerskommisje liedingjaand is. De hear Van der Meulen (CDA): Hellet de brief fan PB fan 12 jannewaris oan, dêr't datselde yn stiet. De hear Hemminga (GB): Hy hat yn de ledefergadering oare lûden. It bestjoer fan PB kin in stânpunt ynnimme dêr't de leden net achter steane. De hear De Vries (PvdA): PB hat in helder stânpunt nei foaren brocht en dat soe men net dis- kwalifiseare moatte. De hear Hemminga (GB): By syn oerwagingen spilet de totaalfisy op Akkrum in grutte rol. Men hat in foarkar foar súdwest, mar wol der jûn net ta beslute. Men wol in goed ôfwoeger beslút nimme. De hear De Vries (PvdA): It is noch net genôch wat der ynbrocht is mei alderhanne ûndersi- ken? De hear Hemminga (GB): Hy wol de krekte dúdlikheid oer de lokaasje hawwe en oars kin men gjin beslút nimme. De hear De Vries (PvdA): Der is foldwaande grûn en it kin dêr. No moat men it allinne noch romtlik passend meitsje. De hear Hemminga (GB): Der kin sprake wêze fan in win-winsituaasje foar súdwest. De hear De Vries (PvdA): Dat weaget dus fierder as de miening fan de partisipanten? De hear Hemminga (GB): Dy hawwe har dêr net oer útlitten. Men hanthavet de amendemin- ten. 04. ierslach 15022005/absh/12

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 14