Side 15 De hear Polderman (portefúljehâlder): Men heeft te maken met een gestelde einddatum van de verkoper. Die is op korte termijn (31 maart a.s.). De hear Hemminga (GB): Nimt oan dat de meast fiergeande moasje it earst oan bod komt. De foarsitter: Freget nei de amendementen fan de PvdA. Stelt fêst dat men dy yn stimming bringe wol en dat jildt ek foar de moasjes fan dy fan GB/VVD en FNP. De hear Van der Meulen (CDA): Wat fynt it kolleezje fan it amendemint fan de trije partijen? It is neffens him in diskwalifikaasje fan it kolleezje. De hear Polderman (portefúljehâlder): Het is een ernstige zaak dat de raad het weer terzijde legt. Hij ontraadt de motie dan ook. De foarsitter: Lést it earste amendemint fan GB/WD/FNP foar en bringt dat yn stimming. Stelt fêst dat it amendemint mei 9 stimmen foar en 8 tsjin fan de leden Dekker, Gerbrandij, De Jong, Van der Meulen, Minkes, Roorda, Soeten en De Vries oannommen is. Lést it twadde amendemint fan GB/VVD/FNP foar en bringt dat yn stimming. Stelt fêst dat it amendemint mei 9 stimmen foar en 8 tsjin fan de leden Dekker, Gerbrandij, De Jong, Van der Meulen, Minkes, Roorda, Soeten en De Vries oannommen is. Lést it earste amendemint fan de PvdA foar. De hear De Vries (PvdA): Fynt dat it gjin sin hat om de beide amendeminten yn stimming te bringen. De foarsitter: De amendeminten fan de PvdA wurde net mear yn stimming brocht fanwegen it minder fierstrekkende karakter dêrfan. Stelt de moasje fan it CDA en de PvdA oan de oarder. De foarsitter: Stelt dat de moasje oerstallich is omdat de trasees yn it earder oannommen amendemint oan de oarder west hawwe. De hear Van der Meulen (CDA): LOkt de moasje yn. De hear Polderman (portefúljehâlder): Vraagt om een korte schorsing. De foarsitter: Underbrekt de gearkomste foar in koart skoft. De foarsitter: lepent de gearkomste wer. De hear Polderman (portefúljehâlder): Het college heeft de amendementen ontraden. Ook ge zien de samenspraak met maatschappelijke organisaties, met name het onderwijs. Hij heeft de plicht te melden dat het college geen uitvoering kan geven aan de twee amendementen. Stelt voor om de beraadslaging op dit punt af te sluiten en er in de eerstvolgende raadsvergadering op terug te komen. De foarsitter: Nimt dat fersyk oer. Boppedat is der in fersyk út ried en kolleezje om de oare B- punten (hjirûnder de punten 7,8 en 9) te ferskowen nei de folgjende riedsgearkomste en no allinne de A-stikken óf te hanneljen. Stelt fêst dat de ried dêrmei ynstimt. 7. Foarstel oangeande it oanpassen fan it troubelied 8. Foarstel ta fêststelling en it beskikber stellen fan in kredyt foar de eksploitaasje-opset útwreidingsplan Wergea-West faze 1 en 2 04. ferslach 15022005/absh/15

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 17