BOARNSTERHIM
gemeente
Ferslach fan de iepenbiere gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiis-
dei 15 maart 2005 om 20.00 oere yn de kantine fan OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te
Grou.
Oanwêzich:
Foarsitter: de hear G.J. Polderman
Griffier: de hear M. Frensel
De riedsleden:
Fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou M.E. Minkes, de hearen J.R. Soeten, A.J. de
Vries en J. Roorda
Fan GB2000: mefrou T.D. Troost-Akkerman, de hearen J. Hemminga, N. Boringa en S. v.d. Meer
Fan de VVD: mefrou E. Verkerk en de hearen S. Bouma en M. van der Sluis
Fan it CDA: de hearen G. De Jong, J. Gerbrandij en D. van der Meulen
Fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma
De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders:
Mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers
1lepenjen.
De voorzitter opent de vergadering en heet alle aanwezigen welkom.
2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers.
De hear Talsma (oer punt 10): PB Wurdum en Goutum wolle de brêge yn Goutum graach nei
1.80 meter ferheegje en hy seit dat it reedridersbûn dat ek graach wol. Mocht der mear jild ne-
dich wêze dan wol PB wol nei jild sykje om dit mooglik te meitsjen. Men rekkent derop dat oan
de ein fan it jier de brêge der leit.
Mefrou Hooghiemster (oer punt 7): Fynt dat de rânewei in healbakken plan bliuwt. De provinsje
hat har goedkarring foar in brêge ûnthâlden It Leechein krijt mear ferkear te ferwurkjen. Tinkt dat
de provinsje no wer in goedkarring ûnthâlde sil. Fynt de grûn op de lokaasje East te djoer. De ried
moat no mar in kar dwaan. Nim in wiis beslút en swim net fierder yn de fûke.
Mefrou Kooistra (oer punt 7): Wol nochris wize op de útslach fan de enkête. Dy gong allinne oer
de skoalle en net oer oare foarsjennings. Yn Akkrum East moatte bern bûten boartsje en sjoen
ûndersyk liket dit net in goed plan. Wêrom wachtsje op it oansykjen fan partisipanten? Alle parti-
sipanten jouwe gjin mearwearde op it finansjele mêd en de finansjele situaasje fan de gemeente
jout gjin fertrouwen. Finansjele gegevens foar de langere termyn binne der net. Seit dat hja hjoed
lézen hat dat men him net bemuoie mei mei de finansjele middels fan de gemeente. It liket wol
dat it kolleezje net harkje wol nei riedsleden en ynwenners.
Mefrou De Koning (oer punt 7): Spreekt namens Actiecomité Randweg nee. Stelt dat de provin
cie het weer niet eens is met het college. Volgens haar heeft het college met vertoon van macht
de raad met een brief benaderd. Het actiecomité vindt dat er nu geen negatieve keuzes moeten
worden gemaakt. Geeft de raad het advies zich niet onder druk te laten zetten. Stelt dat vracht
verkeer in de Buorren nu ook al niet mag en vraagt vandaag het verkeer nog om te leiden. Daar-
04. Ried 15 maart 2005 /absh/1