Bijlsma (FNP): Seit dat op 15 febrewaris in twatal moasjes yntsjinne binne, mar dat it kolleezje se net útfiere wol, mar it kolleezje hat wol gehoar jûn oan de fragen oer Súd. Tinkt dat nijbou fan de skoallen nedich is. It FNP fynt dat de lokaasje elkoar net folie ûntrinne. Sjoen de realiteit kin de FNP meigean yn de fraach fan de skoallen. Dat soe op eigen grûn kinne. Mar komme der mear partisipanten, dan is der net genôch grûn. De FNP kin ynstimme mei dit útstel. Mei it each op oa- re ynformaasje kin konkludeare wurde dat in rûnwei net mooglik is. Graach wol men de alterna- tive trasees yn byld hâlde. De FNP is dan ek mei de oplossingsrjochtingen akkoart. De Vries(PvdA) Seit dat men efter de útgongspunten stean bliuwt, mar der is wat feroare. Efter de moasjes fan trije partijen steane der no noch twa. Wol graach dúdlikheid oer dizze situaasje. Mei amendemint 1 wol de PvdA berikke dat foar de bou de partners mei in konvenant komme. Mei it twadde amendemint hat men as doel de sporthal der by te pakken. Fynt it spitich lêze te moatten dat de PvdA slaafs efter it kolleezje oan rint. Bouma (VVD): Wol graach hearre hoe fier oft men kritysk wêze mei en dat de VVD him der neat fan oan lûkt. De Vries (PvdA): Stelt dat de partijen ferskillende fisy's hawwe. Hemminga(GB): Fynt dat de diskusje hjir fierd wurde moat en net yn de publisiteit. Foarsitter: Stelt dat de beraadslagingen nu worden hervat. De amendementen van PvdA zijn door het college overgenomen. Wethâlder Bouma: Denkt dat er een stemming over kan komen, maar ze zijn overgenomen. De Vries (PvdA): Wol graach in útspraak fan de ried oer de amendeminten. Hemminga (GB): Wol oerlis mei VVD en FNP oer it wizige stânpunt fan de FNP. Foarsitter: Schorst de vergadering voor een moment van overleg. Twadde termyn Foarsitter: Heropent de vergadering. En geeft het woord aan de heer Hemminga. Hemminga (GB): Seit dat der oerlis west hat en dat GB efter de amendeminten stean bliuwt. Bouma (VVD): Nimt itselde stânpunt yn. Van der Meulen (CDA): Fynt dat oer de moasje fan CDA en PvdA fan de kant fan oare partijen net fernommen is dat men der tsjin is en fynt dat it oernommen is. Fynt it spitich dat GB en VVD net ta ynkear kommen binne en no moatte dêr miskien politike konsekwinsjes oan ferbûn wurde. Hemminga (GB): Wit net wat de hear Van der Meulen bedoelt. GB bliuwt efter har wethâlder ste- Van der Meulen (CDA): Is bliid mei dit andert. De amendeminten fan PvdA en CDA bliuwt it CDA stypjen. De Vries (PvdA): Tinkt dat de moasje fan PvdA en CDA yn stimming brocht wurde moatte. Pagina 4 04. Ried 15 maart 2005 /absh/4

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 22