termijn, die zich zouden kunnen gaan voordoen. Wil tot een afronding van de besluitvorming ko men en vraagt een oordeel van de raad over de twee amendementen. Het eerste amedement is duidelijk. De raad wordt gevraagd in te stemmen met de realisatie van de brede schoollokatie in Akkrum oost, met de in acht te nemen voorwaarden onder punt 1 tot en met 4. Stemming plaats over amendement 1 (tekst onveranderd): Tegen stemmen de fracties van GB en VVD. Het amendement wordt dus met 10 stemmen voor en 7 stemmen tegen aangenomen. Daarna vindt stemming plaats over het voorstel (met twee elementen). Instemming met uit gangspunten en oplossingrichtingen zoals genoemd in de ruimtelijke beleidsstrategie Akkrum op koers: Tegen stemmen de fractie van GB (exclusief de heer Van der Meer) en de fractie van de VVD. Het eerste onderdeel wordt met 11 stemmen voor en 6 stemmen tegen aangenomen. Het tweede onderdeel (aankoop lokatie Akkrum oost ten laste van de reserves onderwijshuisvesting) zal eerst nog in discussie gebracht worden. 7a Oankeap grûn fan De Mar. Hemminga (GB): It giet oer de oankeap fan de grûn fan de Mar. Der binne in tal arguminten wêr- om't GB dêr problemen mei hat. Sketst de histoarje. Op 7 maart 1995 ,keapet de Mar Houtpro- dukten foar 400.000 gûne de grûn yn Akkrum East. Dan komt de tuskentiidske diskusje oer it AZC. De Mar hat tocht dêr de grûn oan kwyt te kinnen. Dat giet lykwols net troch. Dan blykt dat op 18 january 2001 de Mar Houtprodukten de grûn ferkeapet foar 900.000 oan de Mar Projekten BV en dan komt ek de diskusje oer de skoallelokaasje en dy komt dan ynienen yn byld. GB fynt dat in hiele frjemde gong fan saken. Mei oare wurden: men subsideart in bedriuw foar in hiele protte jild dat men ek earne oars foar brûke kin. GB hat der yn it ferline wol faker op wiisd fan wêrom't it sa geheimsinnich wie. Dan binne der in tal ûnsekerheden by de grûn yn Akkrum East. Dat is it lûd, dat blykt út de tekeningen dy't men krekt krige hat, en de nije Ontwikkelingen by luchtfersmoarging by wegen. De luchtkwaliteit, de N02-ferûntreiniging begjint aansen in pro bleem te wurden. En as dat yn de nije wetjouwing trochgiet, dantinkt GB dat de lokaasje Akkrum East hiel problematysk wurdt. De eksploitaasje: in grut diel is net brûkber. De grûnpriis de kante meter wurdt sa heech, dat it neffens GB net kostendekkend te eksploitearen is. Dat komt aansen wol op rekken fan de skoalle. Dat binne de fraachtekens wêrom't GB tsjin de oankeap fan de grûn is. Bouma (VVD): De VVD kin dit betooch folslein ûnderstreekje. Twadde termyn: Hemminga(GB): Seit dat fan de grûn mar de helte brûkt wurdt. Wethâlder Bouma: Vindt dat er nog een toekomst te gaan is en wie weet wat daar nog voor het dorp gedaan kan worden. Stemming: Punt 7a Oankeap grûn: Met 10 stemmen voor (van de fracties van de PvdA, het CDA en de FNP) en 7 stemmen tegen (van de fracties van GB en VVD) wordt het voorstel aangeno men. 8. Foarstel oangeande it oanpassen fan it troubeleid. Roorda(PvdA): Fynt dat it útstel yn grutte halen temjitte komt oan wat de PvdA wol. Yn de kommisje hat in diskusje plak fûn oer trouwen op it wetter mei brede stipe yn de ried. Trouwe op it wetter soe net meie. Tillefoantsjes en e-mails hawwen bliken dien dat it wol kin. De foarwear- de is dat der in mooglikheid foar tsjûgen wêze moat. Der kinne ôfspraken makken wurde tusken de skipper en de gemeente. Dan moat it wol yn de wetters fan de gemeente. De PvdA hechtet der tige oan. Fynt dat men net sinten freegje moat foar it flagjen. Tsjinnet út namme fan GB en PvdA it folgjende amendemint yn: "In overweging nemende dat: Pagina 7 04. Ried 15 maart 2005 /absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 25