Verkerk (VVD): Zegt dat de fractie met 25 accoord gaat. Hemminga (GB): Is ek akkoart. Foarsitter: Het amendement wordt als volgt aangepast: De raad van Boarnsterhim op 15 maart 2005 in vergadering bijeen stemt in: met het mogelijk maken van trouwen op het water, mits het watersportbedrijf instemt met het aangaan van een samenwerkingovereenkomst. 2) Wijziging op het voorstel, punt 4. De raad van Boarnsterhim besluit geen leges te heffen voor "het vlaggen" bij een huwelijk, maar het standaardtarief te verhogen met 25." Het amendement wordt zonder hoofdelijke stemming aangenomen. 9. Foarstel ta fêststelling en it beskikber stellen fan in kredyt foar de eksploitaasje-opset útwrei- dingsplan Wergea-West faze 1 en 2. Janse (FNP): Wat foar kolleezje hat men dat de ried de mooglikheid ûntnimt om ynhâldlik oer de finansjele kaders fan Wergea-West te debatearen troch harren fertroulikens op te lizzen? Hokker ried hat men dat him dat ûntnimme lit. Fertroulikens wurket erchtinkendheid yn 'e hân, benam- men as dy fertroulikens net nedich is. De boarger is hjoed de dei erchtinkend nei de oerheid ta, benammen ek yn Boarnsterhim. Dat merkt men alle dagen. Men moat der alles oan dwaan om dat fuort te nimmen, mar mei dit punt spant men it hynder efter de wein. Omdat de boarger net wit wêroer't de ried ynhâldlik beslute moat, wol de FNP him fan stimming ûnthâlde. De FNP wol lykwols in moasje yntsjinje dy't de fertroulikens net skeint. In moasje omdat de FNP de grûnpriis benammen foar de Wergeasters te heech fynt. In amendemint kin net omdat men dan ynhâldlik derop yngean moat. "Yn omtinken nimmende dat: 1de grûnpriis yn BP Wergea-west tige heech wurdt 2) dit foar 10%feroarsake wurdt trochdat út de opbringsten fan Wergea-west in bydrage yn de kosten fan de oanlis fan de Steande-Mêstroute komme moat 3) de wentebou benammen ek bedoeld is foar de eigen ynwenners fan Wergea 4) in nije wente yn Wergea-west troch de hege grûnprys foar in tal ynwenners net mear berikber wêze sil 5) hjirmei de trochstreaming stûkje sil Draacht it kolleezje op om de ynwenners fan Wergea dy't in hús bouwe litte yn Wergea-west in koarting fan 16,15 op de kantemeterpriis fan de grûn te jaan. En giet oer ta de oarder fan de dei." Van der Meulen (CDA): Kin ynstimme mei de eksploitaasje-opset. Stiet tsjin geheimsinnichheid wat oars oer. Tinkt dat as de Steande Mêstrûte der net west wie Wergea gijn huzen hân hie. Verkerk (VVD): Seit dat de VVD destiids tsjinstimd hat, mar de fraksje kin har no wol fine yn it útstel. Minke (PvdA): Tinkt dat Wergea graach los wol en der is in grut draachflak foar. De PvdA is tsjin de moasje fan de FNP. Wethâlder Jonkers: Raadt de motie af en is blij dat de VVD nu mee wil graan. Twadde termyn Janse (FNP): Fynt dat iepenheid in prinsipiële saak is dy't boppe alles giet. Seit dat de eksploi- taasje fan Frisia destiids wol iepen wie. Omdat der noch oanbestege wurde moat kin dit romte yn it budzjet opleverje. Pagina 9 04. Ried 15 maart 2005 /absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 27