15. Foarstel ta it wizigjen fan de mienskiplike regelingen fan de Regionale Brandweer/Centrale Post Ambulancevervoer en fan de GGD-Fryslân oangeande it ambulânseferfier. De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 16. Foarstel oangeande it takennen fan bydragen foar it realisearjen fan lytse rekreative foarsjen- nings 2004. De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 17 Foarstel oangeande it fersyk om planskea De Rolpeal 1-3 te Nes. De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 18. Foarstel oangeande it fersyk om planskea Fricoweg 12 te Wergea. De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 19. Foarstel oangeande it fersyk om planskea Stûkenwei 5 te Warten. De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 20. Foarstel ta it fêststellen fan it byldkwaliteitsplan Boarnstee-Zuid. De foarsitter: Sûnder diskusje en sûnder persoanlike stimming wurdt der neffens it foarstel be- sletten. 21Moasje FNP en GB Janse (FNP): Is ûntefreden oer de beändering fan fragen oer de dekking fan it tekoart fan 1,3 mil joen en subsydzje foar Woonwille. It andert wie dat it wol yn de stikken stie. Dy binne derop nei sjoen, mar it stie der net yn. Skriftlike fragen jouwe wol ynformaasje, mar dat hie by it útstel moatten. Dêrom wurdt in moasje yntsjinne. Lést de moasje foar: "De Ried fan de gemeente Boarnsterhim byinoar yn gearsit op 15 maart 2005, Yn omtinken nimmende dat: - yn de kommisje WWR fan 26 okt 2004 de wethâlder oant twa kear ta gjin andert jûn hat op de troch de FNP en GB stelde fragen oangeande de dekking fan it tekoart fan 1.330.000 euro en de lokaasjes dy't ynbrocht wurde foar dekking fan de subsydzje oan Woonwille - de wethâlder yn de Riedsgearkomste fan 14 des. 2004 as beandering ferwees nei de fertrou- li- ke stikken dy't foar de riedsleden op besjen leine, wêryn't de lokaasjes stean soene, en nei de fi- nansjele stikken dy't de riedsleden krigen hiene, wêrynt de dekking stean soe - der neffens de wethâlder bij de lokaasjes gjin lokaasjes binne dy't al by "Grou yn beweging" ynbrocht binne - FNP en GB konstatearre ha dat de foargeande anderts net kloppen -de lokaasjes stiene net yn de fertroulike stikken en de dekking wie net oanjûn- en dêrom it kolleezje skriftlik fragen steld ha - de beandering fan de skriftlike fragen ús koartlyn fertroulik tastjoerd is - de ynformaasje yn dat stik net ûnbelangryk is Sprekt har teloorstelling út oer it net en ferkeard troch de wethâlder beanderjen fan de fragen yn kommisje en Ried en it net yn de stikken fan it konvenant oanwêzich wêzen fan dizze yn formaasje Fersiket it kolleezje de fragen en beandering dêrfan oan alle Riedsleden ta te stjoeren En giet oer ta de oarder fan de dei." Pagina 11 04. Ried 15 maart 2005 /absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 29