Side 5 part fan de ynwenners fan Akkrum en ek neffens guon skoallen yn earste ynstânsje. Dit wie ek it gaadlikste plak neffens in ûndersyk troch Bügel yn 2003. Hoe dan ek fanút it kolleezje wei binne nea arguminten oandroegen wêrom west net kin hoewol't dus de konklúzje fan it rapport fan Bügel wol dúdlik wie. Neffens ús is it allegearre op de lange baan skood en wur- de oare partijen allinnich noch mar wiis makke dat de skoalle allinnich noch mar op east kin. In oar punt is de rânewei: it kolleezje kiest foar it ferbetterjen fan de UT-wei en dat is it dan. Der hoege je net lang oer nei te tinken, as je teminsten gjin dúdlike fisy hawwe op de takom- stige Ontwikkeling fan Akkrum en dan benammen Akkrum West. En dat is no krekt wat de VVD-fraksje raar tsjinfalt fan dit kolleezje. Ommers, as jo nei Akkrum sjogge, dan is it wol dúdlik dat yn de neiste takomst Akkrum him yn súdwestlike rjochting Ontjouwe sil. Mei dit gegeven soe der in takomstfisy makke wurde moatte wêryn't dy takomstige Ontjouwings harren plak krije sa as byfoarbyld wentebou. Ek in skoalle mei yn de neiste omjouwing sportmooglikheden bouwe jo foar de lange termyn en in fisy is dan ek needsaaklik om al dat soarte saken in goed plak te jaan. Dêrby komt noch dat okkerdeis in merkpartij as Ballast Ne- dam mei in plan kaam, dat oanbean is oan it kolleezje en wêryn't bést nijsgjirrige saken sie- ten. Dy't de muoite binne om fierder útsocht te wurden. It kolleezje hat it Onder de pet hél den en wy as ried en Akkrumers moatte út de krante fernimme hoe't it gongen is. Dit alles hat de WD sear ferwûndere. De fraach is wêrom't dit plan net serieus nommen is en hoe kin it dat de sifers fan it kolleezje signifikant ôfwike fan dy fan Ballast Nedam en foar in oar part is der neffens ús mei de pet nei slein. En sa binne der nochal wat mear saken dy't it kolleezje ús mar ris út de doeken dwaan moat: wêrom is bygelyks net in tiidskema makke foar de út- fiering fan de skoalle yn East wilens jo witte dat der net folie tiid mear wêze soe sa as jimme ús en ek de BOBOB yn novimber 2003 al op it hert drukten. Wy moatte no konstateare dat der noch gjin goed Onderhoud plan foar East leit mei Ontsluting, parkearen, ensafuorthinne. En it ôfrûne jier moatte je dus as ferlern beskêgje. Foar de VVD is dúdlik dat der yn Buorren rap wat barre moat en dêroer binne wy it gau iens. Mar de oplossing fan it kolleezje yn kom- binaasje mei in hege brêge yn de Polsleat en noch hyltiten in protte ferkear op de UT-wei li- ket ús in minne saak. Mar boppe al fine wy dat it kolleezje mei de kwestje Akkrum sjen lit net mei in goede fisy te kommen, mei frjemde bedraggen komt, manipulearret yn ús eagen en net iepen handelt. Je soene je skamje moatte om sa'n rapport oan de ried foar te lizzen en dan haw ik it oer it rapport fan de 'Heranalyse' mei dy frjemde sifers. Boppedat is der gjin genêch kreativiteit en durf tentoansteld. Hjir kinne wy wat de skoalle en de rânewei oanbe- langet sa net in goede kar út meitsje. Foar de skoalle en de rânewei komme wy mei de FNP en GB mei in moasje en in amedemint en de hear Hemminga sil dat aansten taljochtsje. De hear Van der Meulen (CDA): As je de brieven léze, dy't Ballast stjoert oan dizze ried en wêryn't sy it hawwe oer manipulaasje en bewust frustrearen en neam alles mar op. Dan tink ik dat je je as projektûntwikkelder jesels bûten de doar sette. Sa geane je net mei mekoar om. Je kinne dat gefoel wol hawwe, mar sa geane je der net mei om. Ik haw fan Ballast Ne dam sein oer Akkrum East dat de Onderhannelingen mei Akkrum East altyd hiel stroef rûn binne, neidat it projekt ôfsluten is. En dat hat myn kwalifikaasje betsjut oangeande Ballast Nedam. De hear Bouma (VVD): Ik haw krekt in pear sifers neamd hoe't Ballast Nedam dermei omgiet en hoe't it kolleezje dermei omgiet en wat de praktyk is. Neffens ús sitte se der net safolle neist. Wy hoege der fierder ek net oer te prakkisearen. It jout allinne oan hoe't sy deroer tin- ke en hoe't it kolleezje dermei omgiet. En dat jout by ús fraachtekens. De hear Van der Meulen (CDA): Jo meitsje seis noch gjin ynterpretaasje fan datjinge dat Bal last Nedam jo oanlevere hat, sa't wy dat wol dien hawwe. Wy sizze dat har plannen net kin ne. Jo jouwe der gjin ynterpretaasje oan, jo hawwe blykber dy analyze net makke. 04. ferslach 15022005/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 7