Side 6 De hear Bouma (VVD): Wy pakke der ien ding út, wêrfan't wy op dit stuit konstateare moat- te dat Ballast Nedam in ynskatting makke hat, en dan haw ik it oer de hichte fan in oannim- som fan in brêge yn ferhâlding mei in akwadukt, en de praktyk lit sjen dat sy op dat punt ge- lyk hawwe. Dat oare hoege wy hielendal net oer te praten, mar ik tink net dat sy mar wat út de loft wei swetse. De hear Hemminga (GB): Yn Akkrum op koers wurdt net de goede relaasje lein. Der soe in goede ôfstimming wêze moatte mei de takomst fan Boarnsterhim. In dúdlike fisy oer in lange re perioade ûntbrekt. Hy wol graach útgean fan in "helikopterview". It wetter, de rykswei en it spoar rinne troch it doarp. De leefberheid stiet yn doarpen Onder druk en dat is yn Akkrum ek sa. Gelokkich hat men noch it foardiel fan it toerisme. De gemeente moat stjoering jaan oan rjochting en foarsjenningen sadat minsken nei it doarp komme kinne. De útwreiding leit yn Akkrum súdwest. Men moat ta in keuze komme. De Buorren moat autolij wurde. It sintrum moat lykwols goed berikber bliuwe foar de toeristen en bewenners. Men hat yn de riedskom- misje frege nei in Onderbouwing fan de problematyk rûnwei/rânewei. De rûnwei wie neffens it kolleezje net betelber. Oant minder as in wike ferlyn krige men gjin oare ynformaasje. Hoe sit it mei de ynformaasjeplicht fan it kolleezje? It is in kwealike saak dat it kolleezje oan de rie ynformaasje ûnthâlden hat. De saken dy't troch Ballast Nedam oandroegen binne, moatte op har merites besjoen wurde. Foar Grou in Beweging hat it kolleezje krekt oanjûn dat merkpar- tijen wichtich binne. No wurdt der in merkpartij samar oan de kant set. De hear De Vries (PvdA): Men hat op de iepenbiere gearkomste de konklúzje lutsen dat men op in dea spoar siet en dat is wat oars as oan de kant sette. De kleur dy't de hear Hemminga deroan jout is neffens him net op syn plak. De hear Hemminga (GB): De krityk fan Ballast Nedam wie dat de sifers by it foarstel fan it kolleezje net reëel wienen. Dat wie op himsels hiel transparant. De hear De Vries (PvdA): In merkpartij komt mei oar sifermateriaal as it kolleezje. Wêrom soe it sifermateriaal fan it kolleezje dan net doge? De hear Hemminga (GB): It giet om hiele grutte bedraggen en dêrom soe men dernei sjen moatte. Der moat in oantal saken yn gong setten wurde. De brêge moat net te heech wêze (maksimaal 1.50m). GB folget yn it trasee fan de rânewei net de oanbefellings yn Akkrum op koers. De brêge yn de Ljouwerterdyk kin bestean bliuwe. Neffens eigen ynformaasje wol de provinsje ek net mear as 50% bydrage. De Meinesleat soe men wat omlizze kinne om in oar plak foar de brêge te kreëaren. It kenmerk fan in brede skoalle is dat de learkreft him dwaan- de hâldt met it ûnderwiis. It hoecht net perfoarst op ien plak. Der moat ûnderwiis-ynhâldlik gearwurke wurde. De yntinsje is der wol, mar konkreet is der neat ynfold. Men mist yn it oer- sjoch ek de demografyske Ontwikkeling op de lange termyn. Men is ferwûndere dat de skoal- len weromfalle woenen op de eardere plannen as de ried net ynstimme wol mei de lokaasje Akkrum east. De hear De Vries (PvdA): Hoe swier waget foar de hear Hemminga it advys fan de bestjoers- kommisje? De hear Hemminga (GB): Dat waget seker mei. Lokaasje east is der lykwols pas yn in letter stadium by kommen. De hear Van der Meulen (CDA): Binne de arguminten foar east der dan by socht? 04. ferslach 15022005/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 8