BOARNSTERHIM gemeente B E S L U Riedsgearkomste: 13 juny 2005. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt ynsprutsen troch twa persoanen: mefrou Van der Werf út namme fan Dorpsbelang Warten oer agendapunt 7 en troch mefrou Boon út namme fan de ANDO oer agendapunt 9. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Op fersyk fan de hear Bouma (VVD) en de hear Bijlsma (FNP) beslút de ried om agindapunt 9 te behanneljen as B-stik. Foar it oare konform besletten. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 10 maaie 2005. Mid. Neidat tafoege wurdt dat de hear Roorda oanwêzich wie by de riedsgearkom ste fan 10 maaie 2005 wurdt it ferslach fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. Nûmer 11: Subsydzje oanfraach Tomke-project 2006. Op fersyk fan de hear Janse (FNP) wurdt besletten dat wannear't hjiroer in negatyf beslût nommen wurdt, dit yn 'e kommisje BMM behannele wurdt. Foar it oare konform besletten. 6. Foarstel oangeande de Jierstikken 2004. Mid. Konform besletten. Dernei wurdt sûnder haadlike stimming in moasje fan de FNP oannommen dêr't yn stiet: "de ried draacht it koiieezje op om it jierfersiach en it boarger- jierfersiach mei yngong fan 2005 standert ek yn it Frysk te publisearjen 7. Foarstel oangeande de Maitiidsnota 2005. Mid. Troch sawol de PvdA en de FNP wurde twa amendeminten yntsjinne. Amendemint 1 (PvdA) "De gemeenteraad van Boarnsterhim besluit dat met de bouw van een nieuw overdekt zwembad de tasten voor de inwoners van Boarnsterhim niet mogen stijgen. Oannommen mei 9 stimmen foar en 5 stimmen tsjin. Amendemint 2 (PvdA) "De gemeenteraad van Boarnsterhim zal m.b.t. de besluitvorming rond een nieuw overdekt 25-meterbad een integraal besluit nemen, zodat de inwoners van de gemeente bij dit besluit ook duidelijkheid krijgen over welke taken de gemeente niet meer of minder intensief zal uitvoeren Oannommen mei 9 stimmen foar en 5 stimmen tsjin. beslutelist 13 juny 2005/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 41