10. Moasje FNP De hear Janse (FNP): Men hat de moasje oan de fraksjes tastjoerd, mar men hat gjin reaksje krigen en de FNP is dêroer teloarsteld. De hear Flemminga (GB): Hy hat him net krigen. Hoe is de moasje tastjoerd? De hear Janse (FNP): Fia de riedsmail. Mefrou Verkerk (VVD): De VVD hat ek neat krige. De hear Janse (FNP): Men soe de riedsmail regelmjittich ynsjen moatte. Yn february 2002 hat de ried de projektopdracht fan de twadde faze fan it Wetterfront goedkard. De begrinzing (tusken de Minne Finne en Wilhelminastrjitte) is in wichtich ûnderdiel fan de projektopdracht Der hat ynge- and oerlis west mei belanghawwenden en omwenners. De Minne Finne is lykwols troch de wet- hâlder yn de fisyskets Wetterfront twadde faze opnommen. De hannelwize fan de wethâlder skeint it betrouwen fan de dielnimmers fan de gearkomsten. De FNP-fraksje fynt dat de ried net samar de hannelwize fan de wethâlder aksepteare kin. En tsjinnet dêrta en moasje fan ôfkarring fan de hannelwize fan de wethâlder yn. Lést de moasje foar: "De Ried fan de gemeente Boarnsterhim byinnoar yn gearsit op 12 july 2005, Yn omtinken nimmende dat: - de Ried by it riedsbeslút fan 15 jan. 2002 de projektopdracht 2e fase Wetterfront Grou goedkard hat, - dizze projektopdracht yn opdracht fan de Ried nei wiidweidich en deeglik oerlis mei belang hawwenden en omwenjenden tige soarchfâldich ta stén kommen is - de wethélder de fisyskets 2e fase Wetterfront Grou útbrocht hat, - yn dizze fisyskets ek de Minne Finne opnommen is, wylst yn de projektopdracht hiel dudlik oan- jûn stiet dat it gebied lizze moat tusken de Minne Finne en de Prinses Wilhelminastrjitte, - dizze fisyskets dêrmei net foldocht oan de projektopdracht - de wethélder him dêrmei net hélden hat oan it riedsbeslút - de wethélder dizze ôfwiking fan de projektopdracht net oan de Ried foarlein hat Sprekt har ôfkarring út oer it feit dat de wethélder him net hélden hat oan it Riedsbeslút, en giet oer ta de oarder fan de dei." Wethélder Jonkers: Op 21 september 2004 is het voorbereidingskrediet voor de tweede fase aan de orde geweest. Alle fracties hebben tegen een amendement van de FNP aangaande dit krediet gestemd. Daarmee zegt de raad impliciet dat men met de ingeslagen weg van het college kan le ven. Op de vorige commissievergadering is het project weer aan de orde geweest. De FNP heeft weer dezelfde opmerkingen gemaakt. Weer was de meerderheid van de raad het eens met de koers van het college en nu komt de FNP voor de derde keer met hetzelfde verhaal. Er is enkele malen al heel veel aandacht aan de zaak besteed. Men spreekt over een concceptvisie. Men doet als gemeente haar uiterste best om het Wetterfront vlot te trekken om een optimaal resultaat voor het dorp Grou te bereiken. Het college is dan ook teleurgesteld over de motie. De hear Hemminga (GB): GB is ek fernuvere oer de moasje, want it hat wiidweidich oan de oarder west yn de kommisjegearkomste. Men kin it it béste yn in totaalplan de saak oanpakke. De ferwi- ten oan de wethélder geane him fierstente fier. GB is tsjin de moasje. De hear Gerbrandij (CDA): De wethélder hat it goed útlein. Hy fynt dat trije kear derop oankringe troch de FNP wol wat oan de hege kant is. It CDA stiet achter de wethélder. Pagina 9 04 Ferslach 12-07-2005/dirWWR/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 11