De hear De Vries (PvdA): Hy kin him de teloarstelling fan de wethâlder foarstelle. Der is 'voort schrijdend inzicht' en dan kin men ta in oar ynsjoch en in oare oanpak komme. De mearderheid fan de ried koe dêryn meigean. De PvdA is it net mei de moasje iens. De hear Janse (FNP): Yn septimber 2004 is der in kredytoanfraach foar it Wetterfront dien en dy kredytoanfraach stie op de mearjierrerûzing. Doe wie noch net formeel bekend dat de Minne Finne derby belutsen wie. As men doe in moasje ynstjinne hie men sein dat der noch niks formeels is. Yn de foarige kommisjegearkomste kaam it earste offisjele stik oer it Wetterfront foar it Ijocht. Yn de kommisje kin men gjin moasje ynstjinje. It giet om in riedsbeslút dêr't de wethâlder him net oan hâlden hat. De Minne Finne is mei opsetsin bûten de twadde faze hâlden. De wethâlder hie it oan de ried foarlizze moatten. Riedsleden dy't fine dat in wethâlder sa hannelje kin moatte mar tsjin de moasje stimme. Wethâlder Jonkers: Lést foar út it amendemint fan de FNP út 2004 foar: 'Stel gjin tariedingskredyt fan 68.000 euro beskikber foar fierdere Ontwikkeling fan it Wetterfront twadde faze salang oft de wethâlder de Ontwikkeling net binnen de troch de ried fêststelde kaders plakfine lit, konkreet sa lang de Minne Finne noch yn de plannen van de Ontwikkeling fan it Wetterfront twadde faze op- nommen is.' Hy begrypt de hear Janse dus net. De hear Janse (FNP): Dat binne gegevens dy't op grûn fan in ynformative gearkomste nei bûten brocht binne en net op in gearkomste dy't troch de wethâlder belein is. De hear Gerbrandij (CDA): Yn de kommisje en yn de ried wurde de saken bepraat. De hear Hemminga (GB): Wol befestigje dat it hiel helder oan de oarder west hat. Der wiene ar- guminten om dizze koers te gean. Formeel hie it miskien wat oars moatten, mar it middel fan de moasje fan ôfkarring is fierstente swier oanset. Mefrou Verkerk (VVD): De moasje fan de FNP giet de VVD te fier. De VVD fynt wol dat by in óf- wiking fan in riedsbeslút it oan de ried foarlein wurde moat. De foarsitter: Brengt de motie in stemming. De motie wordt met 1 2 stemmen tegen en 2 stemmen voor verworpen. Voor hebben gestemd de leden Bijlsma en Janse. 11Moasje GB2000 De hear Hemminga (GB): Der berikke GB hyltyd mear klachten dat de parkearromte yn Grou tige beheind is. Fia de moasje wol GB it inisjatyf nimme om dér feroaring yn oan te bringen. De essins- je fan de moasje is dat der op koarte termyn wat ekstra útwreidingsmoglikheden komme. De tekst fan de moasje is sa: "De Gemeenteraad van de gemeente Boarnsterhim ,bijeen in vergadering op 12 juli 2005 overwegende, dat het centrum van Grou met een tekort aan parkeergelegenheid kampt, constaterend, - dat het waterfront 2e fase in Grou-centrum de aantrekkelijkheid van Grou sterk zal vergroten, waardoor het aantal bezoekers van Grou-centrum sterk zal stijgen, maar tegelijkertijd het (netto) aantal parkeerplaatsen niet zal toenemen, - dat de visie Grou-centrum weliswaar een uitbreiding van de parkeermogelijkheden voorstelt, maar de realisatie er van erg onzeker is en niet op korte termijn zal plaats vinden - en dat de parkeerplaatsen, die door Coltavast gerealiseerd zouden worden,nadat de supermark ten gevestigd zouden zijn, er nog steeds niet zijn en er ook nog geen zicht is op welke termijn dit alsnog gaat geschieden, draagt het college van B&W op: m.i.v. heden, al dan niet tijdelijk tot er voldoende bruikbare alternatieven tot uitvoer zijn gebracht, extra parkeergelegenheid te realiseren door middel van uitbreiding van het aantal parkeerplaatsen Pagina 10 04. Ferslach 12-07-2005/dirWWR/10

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 12