BOARNSTERHIM gemeente Ferslach fan de gearkomste fan de ried fan de gemeente Boarnsterhim hâlden op tiisdei 12 july 2005 om 20.00 oere yn de kantine fan de OSG Sevenwolden, Burstumerdyk 5 te Grou. Oanwêzich: Foarsitter: mefrou P. Schadd-de Boer Griffier: de hear M. Frensel De riedsleden: fan de PvdA: mefrou J. Dekker-Hoogeveen, mefrou M.E. Minkes, de hearen J.R. Soeten, A.J. de Vries en J. Roorda fan GB2000: de hearen N. Boringa en J. Hemminga fan de VVD: mefrou E. Verkerk, de hearen M. van der Sluis en S. Bouma fan it CDA: de hearen G. de Jong en J. Gerbrandij fan de FNP: de hearen S.G. Janse en A. Bijlsma De leden fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders: mefrou K. van den Berg-Wiersma, mefrou J. Bouma-van den Brink en de hear H.A. Jonkers Mei kundskip ôfwêzich: mefrou T.D. Troost-Akkerman (GB2000), de hearen D. van der Meulen (CDA) en S. van der Meer (GB2000) 1lepenjen De voorzitter heet alle aanwezigen en de luisteraars van de Boarnsterstim welkom. 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers Mefrou Visser-Poppinga (oer punt 6): Sy sprekt yn as foarsitter fan it stichtingsbestjoer fan muse um De Trije Gritenijen. By de ferkeap fa it Riedhûs fynt men dat men de rjochten fan it museum hâlde moat. Der is in hierkontrakt oant 2018. In nij museum moat in flieroerflak hawwe fan 400 kante meter en moat oan ferskillende easken foldwaan lykas ynrjochting, klimaatbehearsking en befeiliging. It is de fraach oft in plak sa ticht by de passantehaven wol geskikt is. In ferhuzing kos- tet in protte jild en der komme ek noch in tal oanpassingen by. Ek de hiele museumregistraasje moat wizige wurde. Foar it Riedhûs betellet men in symboalysk bedrach oan hier, men hat gjin enerzjykosten en it ûnderhâld foar it gebou wie foar de gemeente. Dy kosten kin it museum beslist net drage. De gemeente Boarnsterhim moat it kultureel erfguod bewarje en har ferantwurdlikheid foar it museum nimme. Men wol eins net út it monumintale gebou. As it net oars kin dan wol men in goed gebou op in knap plak. 3. It fêststellen fan de wurklist De foarsitter: Er zijn brieven gekomen van PB Eagum en van de heer Kramer. Daarin wordt melding gedaan van andere plannen dan in het voorstel (agendapunt 7). Daarom stelt zij voor om dit punt van de agenda te halen. De hear Bijlsma (FNP): Seit út namme fan alle fraksjes dat men dêrmei ynstimme kin. De foarsitter: Hiermee wordt agendapunt 7 van de agenda gehaald. Er zijn twee moties binnenge komen van de FNP en van GB. Stelt voor om die als punt 11 en 1 2 op de agenda te plaatsen. De hear Bijlsma (FNP): De FNP wol punt 8 graach as besprekpunt. De foarsitter: Stelt vast dat de raad met de voorstellen instemt. 04. Ferslach 12-07-2005/dirWWR/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 3