BOARNSTERHIM gemeente R 1 E DSFOARSTEL Riedsgearkomste 13 septimber 2005 Agindapunt 1 2 (A-stik) Kommisjegearkomste 29 augustus 2005 Agindapunt 8 Portefúljehâlder boargemaster P. Schadd-de Boer Behanneljend amtner M.T. de Wolff telefoan: 0566 - 629314, e-mail: wolffm@boarnsterhim.nl Underwerp: Opheffing IZA-regeling Foarstel: Nim it beslút ta opheffing fan de IZA-regeling mei yngong fan it momint dat de nije Soarchfer- sekringswet yngiet. Ynlieding: Fan âlds binne de meiwurkers fan 'e gemeente fersekere by de IZA. In mienskiplike regeling fan alle gemeenten en provinsjale steaten fan Limburg. Hoewol't it hjir yn 'e útfiering om in wurk- jouwerssaak giet, yn it dualisme it foech fan it kolleezje, is de (opheffing fan 'e) mienskiplike re geling noch it foech fan 'e Ried. Troch de ynfiering fan in nij soarchstelsel en it yngean fan de Soarchfersekeringswet wurde alle ynwenners fan Nederlân ferplichte harsels te fersekerjen by in privaatrjochtlike soarchfersekeraar. Dêrmei is de needsaak fan de IZA-regeling ferfallen. Formeel moatte twatredde fan 'e oanslúten bestjoeren ynstimme mei de opheffing. It Algemien Bestjoer fan IZA Nederlân freget jo konform te besluten. Arguminten: 1it is in gefo/ch fan nije ianiike wetjouwing. De nije soarchfersekeringswet komt yn 'e plak fan 'e hjoeddeiske Sikefûnswet en ek de partiku- lier fersekerden en amtners falie hjir aansens Onder. 2. troch de opheffing wurd it paad frijmakke foar de nije fersekering. Om foar te kommen dat dielnimmers mei dûbelde ferplichtings komme te sitten, ommers sawol it IZA-dielnimmerskip foar amtners as de nije fersekering binne beide in ferplichting, moat de IZA- regeling opheft wurde. Kanttekenings: 1Wy feriieze in oantrekiike sekundêre wurkbetingst. Ja, dit fait net te kearen. Mei it Kolleezje foar Arbeidssaken fan 'e VNG wurdt besocht de gefol- gen yn goede banen te leiden. Der wurdt wurke oan in goede ferfanger. Yn earste ynstânsje wurdt yn see gien mei de rjochtsopfolger fan de Mienskiplike Regeling IZA nammentlik de IZA Soarchfersekerder NV. De sekundêre wurkbetingst foar meiwurkers sit dan op it mêd fan de oan- foljende fersekeringen. 12 opheffing IZA-regeling/pomw/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 53