6. Foarstel om de proseduere te starten foar de kombinearre ferkeap fan Riedhûs c.a. en it ter rein by de Hellingshaven te Grou Mefrou Dekker (PvdA): Men woe it Riedhûs ferkeapje om it Riedhûs krekt te behâlden. It museum moast yn it Riedhûs bliuwe of men soe goede ôfspraken meitsje moatte mei it museumbestjoer. Der moat foldien wurde oan alle easken. It is in kreative oplossing fan it kolleezje. Men moat lykwols soarchfâldich omgean mei griene rom- ten lykas by de Hellingshaven. It is wat algemien steld yn it stik. Set der in persintaazje foar de bebouwing op. De fasiliteiten moatte yn oarder wêze. De havenmaster moat der ek in goede foars- jenning krije. Der wurdt in ynformaasjepakket makke, mar men begrypt net wat dêr krekt mei be doeld wurdt. Wat is wenjen op beheinde skaal en wat is wettersportliearde detailhannel no pre- sys? De horekagelegenheid moat net in kafee of disko wurde. Soargje dêrfoar dat der goed oerlis is mei de brûkers fan dit momint. Men hat it gefoel dat it net hielendal rint lykas ôfpraat is. De hear Bijlsma (FNP): Men stiet foar in histoarysk beslút of fersin. It is in grutte stap om it Ried- hûs te ferkeapjen. Fan it frege ûndersyk om it Riedhûs ûnder te bringen yn in stichting fynt men neat werom. It wurdt om finansjele redenen ôfwiisd. Dat is wol koart troch te bocht. It wurdt dus (punt 3) ynlutsen. Wêrom hat men itselde net dien foar it riedsbeslút oer de ynfolling fan it terrein fan de Hellingshaven? De FNP stiet derop dat it oan it beslút taheakke wurdt. Men soe it leafst it Riedhûs yn eigendom hâlde. It bliuwt lykwols in finansjele bongel oan de poat. De kombinaasje mei it terrein fan it eardere Hellinggebou jout kânsen. Der binne gjin goede beting- sten en mei de ûnderfinings fan de ferkeap fan Yn de Leijte hat men dêr net folie betrouwen yn. Men soe de betingsten yn in kettingbeding feilich stelle wolle. Der hat in oriïntearjend petear plak- fûn mei it museum. It museum moat ûnder deselde kondysjes fierder bestean kinne. It museum mei net oerlevere wurde oan de nije eigner foardat ien en oar goed regele is. BOBOP, UW en oare brûkers fan it Riedhûs: hoe sjocht it kolleezje har húsfesting yn de takomst? Wurdt it oarlochsmo- numint mei ferkocht? Dat mei nea barre. De reservearde 900.000 euro foar de restauraasje fait frij. Mei dat jild wol de FNP de jierlêsten foar it nije swimbad nei Onderen bringe. De hear De Jong (CDA): It CDA fynt it in goed foarstel omdat op in kreative wize besocht wurdt de problemen op te lossen. Nei de FNP ta: Men kin de âlde huzen achter it Riedhûs ferkeapje. Oant 2018 hat it museum in hierkontrakt. Men moat wol 13 jier as museum bestean kinne mei de de selde foarwearden dy't no jilde. De hear Bijlsma (FNP): Makket beswieren tsjin de bagatellisearjende opmerkingen oer de ferkeap fan de twa huzen achter it Riedhûs. De FNP wol mei it reservearde jild de jierlêsten fan it nije swimbad weromkringe. De hear De Jong (CDA): It CDA is it net iens mei de ynset fan dat jild op de troch de hear Bijlsma foarstelde wize. It CDA wol ynsjoch hawwe yn wat it kolleezje gearstalt. Miskien moat it neffens it CDA wol oars. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD sjocht it foardiel fan de keppelferkeap net sa sa sear. De easken binne heech en sa bringt de ferkeap neat op. Der moat in útspraak komme fan it kolleezje dat it monumint bliuwt sa't it no is. Der moatte goede ôfspraken mei it bestjoer fan it museum makke wurde. De VVD wol no noch net prate oer de bestimming fan de 150.000 euro. De hear Bijlsma (FNP): Yn de mearjierrebegrutting stiet 9 ton foar de restauraasje fan it Riedhûs. De nije eigner krijt yn it foarstel de opdracht om it restaurearen. Fanôf 2007 fait der in jierlêst fan 58.000 euro frij. Dat soe in moai begjin wêze fan de dekking (foar in part) fan it nije swimbad. De hear Van der Sluis (VVD): Men moat earst mar ris saken dien hawwe en dan kin men oer de ynset fan it jild prate. Pagina 3 04. Ferslach 12-07-2005/dirWWR/3

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 5