BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 13 septimber 2005. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt gjin gebrûk fa makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Troch GB 2000 wurde 2 moasjes yntsjinne oer de "Klassieke Schepenhaven Terherne." Besletten wurdt om beide moasjes as ien agindapunt te behannel- jen en ta te foegjen oan de aginda as agindapunt 23. De hear Janse winsket nei oanlieding fan ynkommen stik 5-17, beanderjen van fragen op grûn fan kêst 37 fan it reglemint fan oarder oer it konvenant werk- strukturearing fragen te stellen oan de portefuljehâlder. Konform kêst 37 fan neamd reglemint sil dit plak fine oan de ein fan de agin da, en wurdt dêrom tafoege as agindapunt 24. Foar it oare konform besletten. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 12 july 2005. Mid. Konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. GB2000 hat in yterpellaasjefersyk yntsjinne oer de pleatsing fan in wenark en bygebou healwei Akkrum en Aldeboarn. Mei 8 stimmen foar en 7 stimmen tsjin jout de ried tastimming foar de ynterpellaasje. De ynterpellaasje wurdt ta foege oan de aginda Onder punt 25. Op fersyk fan de hear De Vries beslút de ried, mei 9 stimmen foar en 6 stim men tsjin, om ynkommen stik 10, de moasje fan de gemeente Bergen op Zoom oangeande de jacht op seehûnen, op de aginda te setten foar de kom- misje BMM. Op fersyk fan de hear Soeten beslút de ried unanym om ynkommen stik 12, de moasje fan de gemeente Vlagtwedde oangeande it asylbelied, op de aginda te setten foar de kommisje BMM. De hear Bouma freget om in reaksje fan it kolleezje oer ynkommen stik 21, ôf- skrift fan it brief fan Pleatslik Belang en Business club Grou oan Deputearre Steaten oer de Ontwikkeling fan Grou. De portefuljehâlder seit ta dat hjirop weromkommen wurdt yn it plan "Centrumvisie Grou". Foar it oare wurdt konfom besletten. beslutelist 13 septimber 2005/tajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 79