Twadde termyn De foarsitter: Heropent de vergadering. Mefrou Dekker (PvdA): De PvdA hat dochs noch soargen oer tal fan saken. Der binne te folie ûn- dúdlikheden oer it museum. De eigner soe it foar it sizzen krije. Earst moatte tusken gemeente en museum alle rânebetingsten goed delset wurde. Dêrta tsjinnet de PvdA in amendemint yn. Ek wol de PvdA graach swart op wyt dat der net mear boud wurdt as der west hat op it terrein fan de Hellingshaven. Men soe der in pear riedsleden by belûke wolle (wurkgroep). Lést it amendemint foar. De tekst is sa: 1De te bebouwen oppervlakte mag niet groter dan de oorspronkelijke bouw zijn. 2. Het museum mag niet eerder ondergebracht worden bij een nieuwe eigenaar tot alle aan al le randvoorwaarden voor verplaatsing en exploitatie is voldaan door bemiddeling van het college. 3. Er nemen minimaal twee raadsleden in de werkgroep plaats. De hear Janse (FNP): It is in amendemint mei 3 ûnderdielen. Is it net ferstanniger om it amende mint yn 3 amendeminten te splitsen? De foarsitter: Stelt vast dat de PvdA en de andere fracties daarmee kunnen instemmen. De hear Bijlsma (FNP): Oan wa is it nije museum straks oerlevere? Der moat yn de betingsten hel derheid wêze oer de posysje fan it museum no en yn de takomst. Men hopet dat de wethâlder slagget mei in kettingbetingst dêr't alle betingsten goed yn ûnderbrocht binne. BOBOP/UVV: Men kin de minsken net sa mar op de dyk sette. It oarlochsmonumint moat fansels net mei it Riedhûs ferkocht wurde. It stiet op grûn fan it Riedhûs. Hy wol de tasizzing dat dy grûn net fait ûnder de ferkeap fan Riedhûs. De 9 ton soe weromfalle yn de algemiene reserve. De FNP wol de 150.000 euro foar it swimbad sa fier mooglik weromkringe. As in beslút ôfwykt fan in earder beslút dan moat it earste riedsbeslút prosedureel weromnommen wurde. Dat wurdt foar it Riedhûs dien en it soe ek jilde moatte foar it Hellingshavengebou. It gehiel is dochs wat faach. Men soe bepleitsje wolle dat de konkrete ferkeapbetingsten earst by de ried lânskomme. Dan soe in wurkgroep net folie doel hawwe neffens de FNP. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD is net sa entûsjast oer de keppelferkeap. As der in keaper is foar it Riedhûs dan moat men alles net te bot fêstlizze. Der moat in kettingbetingst wêze. Der moatte earst goede ófspraken wêze mei it bestjoer fan it museum foardat der wat ferkocht wurdt. Men fynt it earste amendemint te swier oanset. De VVD is it iens mei amendemint 2 en de VVD kin him ek wol fine yn de ideeën oer de wurkgroep. De hear Hemminga (GB): Giet yn op de amendeminten fan de PvdA. Hoe tinkt de PvdA oer it wer- omkommen fan de oerienkomst tusken museum en gemeente nei de kommisje? Amendemint 2: it oan alle rânebetingsten foldwaan, giet him te fier. Mefrou Dekker (PvdA): De foarwearden fan mefrou Visser fynt de PvdA hiel reedlik. Fynt de hear Hemminga dat ek? De hear Hemminga (GB): As it bliuwt sa't it no funksjoneart dan kin GB dêrmei ynstimme. As de easken lykwols fierder geane dan moatte gemeente en museum bestjoer dêroer oerienstimming berikke. GB hat gjin behoefte oan in wurkgroep mei riedsleden. De hear De Jong (CDA): It giet it CDA te fier dat der riedsleden yn de wurkgroep sitte moatte, want it komt wol werom yn de kommisje. Dat jildt ek foar de easken oer de grutte fan de bebou wing. Pagina 5 04 Ferslach 12-07-2005/dirWWR/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 7