CD Riedsgearkomste 13 sept. 2005 Moasje Neffens art.34 fan it R.F.O. fan de Ried fan de gemeente Boarnsterhim Underwerp: Oersicht yn te setten gemeentlike eigendommen foar finansiering projekten De Ried fan de gemeente Boarnsterhim byinoar yn gearsit op 13 sept. 2005, Yn omtinken nimmende dat: - Ut de beandering fan de fragen oer it Convenant Herstrukturering bliken docht dat de op- bringst fan de troch it kolleezje neamde lokaasjes by lange nei net foldwaande is foar dekking fan it folkshúsfestingsfuns - Ut dy beandering ek bliken docht dat by it Kolleezje betizing bestiet oer hokker lokaasjes ynsetten wurde foar hokker projekten, - De Ried de kommende moannen besluten nimme moat oer in tal saken dy't fan de gemeente in grutte ynfestearring freegje. - Der net fierder ljept wurde moat as de pols lang is. - De Ried dus witte moat hoe lang de pols is en dêrom witte moat hokker lokaasjes ynsetten wurde sil foar hokker projekten en wat de opbringst fan dy lokkaasjes is, Fersiket it Kolleezje om by de begruttingsstikken in oersicht te jaan fan alle gemeentlike eigendommen dy't ynsetten wurde sille foar de finansiering fan Grou yn Beweging, de Werstrukturearing, it Soarch-konvenant, it Wetterfront en Akkrum op Koers. Dêrby fan alle eigendommen oan te jaan foar hokker projekt se ynsetten wurde sille, de ferkeapwearde, de boekwearde, de kapitaalslêsten de opbringst en wat it te finansieren bedrach is. En giet oer ta de oarder fan de dei. Yntsjinne troch de fraksjes fan FNP en GB 2000 N. Boringa S. Janse

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 88