De foarsitter: Brengt motie 1 in stemming. Motie 2 wordt ingetrokken. Er zijn 8 stemmen voor de motie en 6 stemmen tegen en daarmee wordt de motie aangeno men en komt het punt op de agenda van de raadsvergadering. Tegen hebben gestemd de le den De Jong, Gerbrandij, Minkes, Roorda, Soeten en De Vries. 24. Nadere informatie over ingekomen stukken (nummer 17) De hear Janse (FNP): Pas yn tredde ynstânsje is dúdlikheid jûn oer de lokaasjes foar de finan- siering fan it folkshúsfestingsfûns. Der wie dus by de kolleezje ek net in dúdlik sicht op de lo kaasjes. Om ferantwurde beslissingen nimme te kinnen moat men goed ynformeard wurde. Tal projekten wurde bekostige út opbringsten fan gemeentlike eigendommen. De fraksjes fan GB en FNP freegje it kolleezje ynsjoch te jaan ynalle opbringsten en foar hokker projekten dy ynset wurde. It giet om de boekwearde, de ferkeapwearde, de kapitaalslêsten, de opbringsten en it te finansieren bedrach. De hear De Vries (PvdA): Wol de FNP in moasje ynstjinje De hear Janse (FNP): Dat hinget fan de reaksje fan it kolleezje óf. De foarsitter: Heet mevrouw Dekker welkom. Wethâlder Bouma: It slagget it kolleezje net om dat allegearre foar de begrutting foar mekoar te krijgen. By de beslútfoarming fan Grou in Beweging is tasein oan de ried alles wat ûntwik- kele wurdt dat dat per projekt nei de ried ta komt. It kolleezje Ontriedt de eventueel yn te tsjinjen moasje. De hear Janse (FNP): Men wit net wannear't de projekten komme. It giet om dy projekten dy't mei gemeentlik eigendommen betelle wurde. It wol der by him net yn dat it kolleezje dat net dúdlik meitsje kin. It giet allinne om de de wearde fan de gebouwen en wêr't dy foar yn set wurde. Tsjinnet dêrta in moasje (3) yn en lést dy foar. De tekst is sa: "De Ried fan de gemeente Boarnsterhim byinoar yn gearsit op 13 sept. 2005, Yn omtinken nimmende dat: - Ut de beandering fan de fragen oer it Convenant Herstrukturering bliken docht dat de op- bringst fan de troch it kolleezje neamde lokaasjes by lange nei net foldwaande is foar dekking fan it folkshúsfestingsfûns - Ut dy beandering ek bliken docht dat by it Kolleezje betizing bestiet oer hokker lokaasjes ynsetten wurde foar hokker projekten, - De Ried de kommende moannen besluten nimme moat oer in tal saken dy't fan de gemeente in grutte ynfestearring freegje. - Der net fierder Ijept wurde moat as de pols lang is. - De Ried dus witte moat hoe lang de pols is en dêrom witte moat hokker lokaasjes ynsetten wurde sille foar hokker projekten en wat de opbringst fan dy lokkaasjes is, Fersiket it Kolleezje om by de begruttingsstikken in oersicht te jaan fan alle gemeentlike ei gendommen dy't ynsetten wurde sille foar de finansiering fan Grou yn Beweging, de Wer- strukturearing, it Soarch-konvenant, it Wetterfront en Akkrum op Koers. Dêrby fan alle eigen dommen oan te jaan foar hokker projekt se ynsetten wurde sille, de ferkeapwearde, de boek wearde, de kapitaalslêsten de opbringst en wat it te finansieren bedrach is. En giet oer ta de oarder fan de dei." De hear De Vries (PvdA): Men krijt it gefoel dat de moasje folie fierder giet as de beide frak sjes dy't de moasje ynstjinne hawwe oersjen kinne. Der wurdt hiel wat fan de organisaasje frege. Men is it der wol mei iens dat men net fierder Ijeppe moat as de pols lang is. Men moat 03. Ferslach ried 13-09/absh/11

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 13