ek nei bûten ta de dúdlikheid besykje te krijen. Men hat yn de ried en de kommisje alle romte om derby belutsen te wurden. Wat frege wurdt wykt dêrmei óf fan eardere ôfspraken. De hear Janse (FNP): Wit de hear De Vries wêr't de boekwearde en de kapitaallêsten wol te finen binne? De hear De Vries (PvdA): Hy wit dat yndied wol. De hear Bouma (VVD): Dat hoecht net sa'n grutte toer te wêzen. It stiet ek yn de jierrekken. It moat neffens de akkountant ek útwurke wurde. Men moat witte wat it totaal is. Men wol útslute dat men tsjin tekoarten oanrint as men fierder yn it proses is. De hear De Jong (CDA): Is it dêrmei net iens. It soe de earste gemeente yn Nederlân wêze dy't soks fan tefoaren allegearre dúdlik op papier hat. De hear Bouma (VVD): Hat de hear De Jong wolris fan begruttingen, esfh. heard? De hear De Jong (CDA): Hy sil mei in wike as fjouwer sjen litte hoe't it derút sjocht. Per pro- jekt hat men der wurk genôch oan om it finansjeel rûn te krijen. De hear Bouma (VVD): By it kolleezjeprogramma is troch de kolleezjepartijen fêststeld dat de finânsjes yn oarder wêze moatte en yn oarder bliuwe moatte. De hear De Jong (CDA): As men foar elk projekt de sinten klear leit, dan soe it wêze kinne dat der gjin ien projekt útfierd wurde kinne. Wethâlder Van den Berg: De financiën zijn op orde. In alle projecten die in Grou in Beweging staan, heeft men in vertrouwelijkheid inzicht gehad. Er was nog een tekort aangaande het zwembad. Alle projecten zijn gefinancierd. Dat geldt ook voor Akkrum op Koers. Elk deelpro ject is op zich gefinancierd. De raad heeft besloten tot een zuivere financiering daarvan. De hear Bouma (VVD): De twa partijen dy't de moasje ynstjinne hawwe twifels en dy twifel hat de VVD ek. Men wol krekt foarkomme dat in projekt der net komme kin. De hear De Jong (CDA): Per projekt besiket men it goed óf te dekken. De hear De Vries (PvdA): De hear Bouma ûnderbout syn útspraken hjir yn de iepenbierheid net en dat kin neffens him net. Men moat mei feiten en arguminten komme. De hear Bouma (VVD): It giet om in yntegrale ófwaging en dy kin men op dit stuit net meitsje en dêrtroch binne der kânsen op iepen-ein-regelingen. De hear Janse (FNP): Der is oer Grou in Beweging ófpraat dat it budzjetêr neutraal wêze soe. Mar as dat net sa is dan sil it kolleezje fêst nei de ried komme om ekstra jild. Hoe taakstellend is it budzjet? De hear De Vries (PvdA): Wat is de mearwearde dan fan de moasje? De hear Janse (FNP): It swimbad soe bygelyks budzjetêr neutraal wêze yn Grou in Beweging en dat is net sa. 03. Farslach ried 13-09/absh/1 2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 14