De foarsitter: Heropent de vergadering. Er is een uitzonderlijke bepaling in de gemeentewet dat bij staking van stemmen het doorgeschoven wordt naar de volgende vergadering. Aldus wordt besloten. 25. Het interpellatieverzoek van GB2000 De hear Hemminga (GB): Hy hat in goed petear hân mei in amtner, mar dy kin men net op po- litike beslútfoarming oansprekke. De gemeente wurket mei oan it legalisearen fan in yllegale situaasje. In buorman moast in hokje ôfbrekke omdat it agrarysk gebiet wie. Men wurdt 'on geloofwaardig' as gemeente. It giet him om de prosedurele kant. Der is net kommuniseard nei de ried ta. Hy wol útsprutsen hawwe wat der dien is. Is it just dat de gemeente meiwurke hat, c.q. tastimming jûn hat of ferliend foar it pleatsen fan in wenarke en bygebou healwei Akkrum en Aldeboarn? Is it just dat foar it betreffende perseel de agraryske bestimming jildt? Is it just dat boppesteande pleatsing yn striid is mei it vigearende en yn tarieding wêzende be- stimmingsplan? En as dat sa is, wêrom is dan foarófgeande oan dy tastimming net de norma le proseduere yn gong brocht ta wiziging fan de bestimming fan it betreffende plak en yn hoe- fier korrespondeart dizze pleatsing mei de opfetting oer it iepen agrarysk gebiet? En wêrom hat it kolleezje op foarhân net ynformaasje jûn oer de pleatsing en net de sjenswize fan de ried frege? Wethâlder Bouma: De hear Hemminga hat gelyk dat der wat rumoer om dizze saak west hat. Men hat it te let oankommen sjoen. It giet de artikel 19 proseduere yn. Der is yntern yn de organisaasje wat bard wêrtroch't de proseduere net opstart wie. It plak fan de wenarke yn de Wergeasterfeaert wie al earder yn sicht by it kolleezje. Op dat plak soene de minsken komme kinne. It wie lestich kommunisearen mei de oanbelangjenden. It kolleezje hat tige mei it di lemma sitten om ta in oplossing te kommen sûnder dat de proseduere start wie. Men moast ta in oplossing komme foar dit unike yndividuele gefal. Der is no in lisplakferoardering. Fia de artikel 19 proseduere wurdt de saak no ôfwikkele. It is net sa dat men net mear hanthavenje kin en sy is net bang foar in presedintwurking. It is útiten by de Kommisje Berop en Beswier. It is doe net by it kolleezje opkommen om it mei de ried te oerlizzen. It gehiel fertsjinnet gjin 'schoonheidsprijs'. De fragen binne beäntwurde, mar dy nimme trije A-fjouwers yn beslach. Sy tinkt net dat it de bedoeling is om dy no foar te lézen. De hear Hemminga (GB): De problematyk spilet al 12 jier en hy snapt dan ek net wêrom't der sa'n haast foar it sykjen fan in plak wie. It bliuwt in gefoelich plak. De foarsitter: Stelt vast dat de heer Van der Meulen weer teruggekeerd is. De hear Van der Meulen (CDA): Is it wol in goede metoade om it sa oan de oarder te stellen? Men kin net in ôfwoegen oardiel oer de saak jaan. It is tige spitich dat it kolleezje net earder mei de kwestje nei de ried kommen is. It hiele dossier (de foarskiednis is net by elkenien be kend) moat sa gau mooglik nei de kommisje komme. De hear De Vries (PvdA): De wethâlder hat ek oanjûn dat it spitich is dat it sa rûn is. Men hie earder de saak mei de ried oerlizze moatten. Men ûntnimt de ynwenners de mooglikheid om beswier te meitsjen. It fernuvert de PvdA dat men earder by fragen fan de PvdA fan GB neat heard hat. It dossier moat sa gau mooglik ôfhannele wurde. De hear Hemminga (GB): As in oare fraksje in fraach stelt dan hoecht men seis net in fraach te stellen. As men dan lykwols net in goed antwurd krijt, dan is de ynterpellaasje in goed yn- strumint. De hear De Vries (PvdA): Men wol as PvdA de kommisjegearkomste ôfwachtsje. Side 14 03. Ferslach ried 13-09/absh/14

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 16