BOARNSTERHIM gemeente R 1 E DSFOARSTEL Riedsgearkomste 11 oktober 2005 Agindapunt 9 (A-stik) Kommisjegearkomste 26 september 2005 Agindapunt 7 Portefúljehâlder wethâlder mefrou K. van den Berg-Wiersma Behanneljend amtner P. Engelsma telefoan: 0566 - 629270, e-mail: engelsmap@boarnsterhim.nl Underwerp: Evaluaasje handikapten en senioarebelied. Foarstel: 1Nim ke nnis fan de evaluaasje; 2. Slút de yn 1997 beskikber stelde krediten foar handikaptenbelied óf en A: stoart 133.732 werom nei de Wvg reserve en B: hâldt 51.245 beskikber om inisjativen te stypjen, dy't bijdrage oan it ferbet- terjen fan de sosjaal/maatskiplike omstannichheden fan âlderen en handikapten. Dizze inisjativen moatte foldwaan oan de kritearia sa as ferwurde yn de bylage by de evaluaasje. Ynlieding: De jilden, dy't yn de begjinjierren fan de Wet voorzieningen gehandicapten (Wvg) net bestege binne oan Wvg foarsjennings binne yn de perioade 1994 oant en mei 1996 as Wvg reserve op- nommen yn de begrutting. Yn 1997 hat de gemeenteried besluten om de Wvg reserve yn te setten as krediten foar algemie- ne foarsjennings, dêr't minsken mei in handikap yn ús gemeente baat by hawwe. Ek is in kredyt beskikber steld foar it ûntwikkeljen fan handikaptenbelied yn ús gemeente. Yn 2001 hat de Ried konkreter oanjûn, wat der mei de beskikbere krediten barre moatst. De wize wêrop de jilden de ôfrûne jierren ynset binne, kinne jo léze yn bijgeande notysje. Arguminten: 1.De evaluaasje jout in oersjoch fan de besteging fan de beskikbere krediten 2.it restant fan de krediten kin werom nei de Wvg reserve. Fan de beskikber stelde krediten is 184.977 oerbleaun. Us foarstel is om hjirfan 133.732 werom te stoarten nei de Wvg reserve. De stân fan dizze reserve wie 122.765 en komt mei dizze stoarting op 256.497. Evaluaasje handikapten en senioarebelied/szpe/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 30