formaasje oer nei de ried ta west. Der is samar wat oprjochte en GB wol mear ynformaasje oer de gong fan saken. De hanthaving mei net yn gefaar komme. Men wol gjin presedintwur- king nei de boargers hawwe. Wethâlder Bouma: Sy is deroer fernuvere dat dit fersyk sa nei foaren komt. Op 31 augustus is men troch de projektlieder wiidweidich ynformearre oer it projekt. Der wurdt in proseduere start en dy komt nei de kommisje ta. Riedt it óf om it no as agindapunt op te nimmen. Der kin sawiesa neffens har net yn de ried oer sa'n bysûnder soasjaal gefal diskusjeard wurde. De foarsitter: Vraagt wie het als apart agendapunt behandeld wil hebben. De hear De Vries (PvdA): De PvdA hat doedestiids fragen steld yn de kommisje en wol graach witte wannear't it weromkomt (neffens de tasizzing) yn de kommisje. Wethâlder Bouma: It komt uterlik oktober yn de kommisje. De foarsitter: Stelt vast dat de raadsleden van de VVD en GB en de FNP voor behandeling zijn. Daarmee wil een meerderheid het als agendapunt behandelen. Het wordt agendapunt 25. Nûmer 12\ De hear Soeten (PvdA): Graach yn de ried behannelje of earst yn de kommisje besprekke. De PvdA wol de neamde moasje (gemeente Vlagtwedde - asylbeleid) stypje. Nûmer 21: De hear Bouma (VVD): It giet oer de brief oangeande it tekoart fan de parkearplakken yn Grou. Men wie as PB dêrfoar, krektsa as Businessclub Grou en Karaktergroep Grou. De leden fan PB moatte har der noch lykwols oer útsprekke. Ek Businessclub Grou is ferdield en yn de Karaktergroep tinkt men der ek net gelyk oer. Wat is de opfetting fan it kolleezje oer it te koart oan parkearplakken en wat fynt it kolleezje fan it fersyk? De foarsitter: Het is niet de bedoeling dat men inhoudelijk hierover discussieert. De portefeuil lehouder zal er schriftelijk op reageren. De foarsitter: Vraagt hoe de fracties denken over het verzoek van de PvdA (nummer 12). De hear Bijlsma (FNP): Wol de moasje stypje. De foarsitter: Stelt vast dat neffens ófspraak de raad de motie in de commissie wil bespreken. Nûmer 10: De hear De Vries (PvdA): Men hat frege om it (moasje fan de gemeente Bergen op Zoom tsjin de jacht op seehûnen) te behanneljen yn de kommisje. De stimmen wiene gelikens ferdield. Wol it no wer yn stimming bringe. De foarsitter: Stelt vast dat er 9 leden voor en 6 tegen zijn en daarmee komt dit ook in de commissie. Tegen hebben gestemd de leden Van der Meulen, De Jong, Gerbrandij, Hemmin- ga, Bouma en Van der Sluis. Verder geen vragen of opmerkingen. 6. Foarstel oangeande it trouwen op in skip De foarsitter: Geeft een samenvatting van de discussie hierover in de commissie. Het college heeft het stuk op één punt (concurrentiebeding) aangepast. Side 2 03. Ferslach ried 13-09/absh/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 4