BOARNSTERHIM gemeente BESLUTELIST Riedsgearkomste: 11 oktober 2005. Nú. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. Der wurdt gjin gebrûk fan makke. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Agindapunt 17 komt te ferfallen yn ferbân mei it net akkoard gean fan Ryks- wettersteat mei de útfiering fan de MER rjochtlinen. De moasje fan de PvdA oangeande de Wet Wurk en Bystân (WWB) wurdt as agindapunt 17 oan de aginda tafoege. Foar it oare konform besletten. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 13 septimber 2005. Mid. Side 2, 4e alinea fan ûnderen wurdt sa oanpast: De foasrsitter: Stelt fêst dat, neffens ôfspraak, de ried de moasje yn de kommisje besprekke wol. Side 9, 2e alinea fan Onderen wurdt sa oanpast: De hear Janse (FNP): As min de moasjes 14 dagen fan tefoaren tastjoerd dan wurdt der ek net reagearre. De hear Van der Meulen(CDA): Jo hawwe dan wol de kâns om de moasjes te lézen. Foar it oare konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. Konfom besletten. 6. Foarstel ta it ynstellen fan 30 km/oere foar Grou. WWR Konfom besletten. Wethâlder Van der Berg seit ta dat yn novimber of desimber yn de kommisje WWR weromkaam wurdt op de evaluaasje fan it ynstellen van 30 km sônes. 7. It uterjen fan winsken en betinkings oangeande de oerienkomst mei Klassieke WWR Schepenhaven Terherne. Konklúzje: De foarsitter konkludearret dat de fraksjes fan de PvdA en CDA en ien lid fan GB2000 posityf stean tsjinoer it foarstel en dat de fraksjes fan FNP en VVD en trije leden fan GB2000 tsjin dizze plannen binne. In mearderheid fan de ried stipet hjiermei it foarnimmen fan it kolleezje. Wethâlder Jonkers seit ta dat by de projektgroep Terherne, weryn ek Pleatslik Belang Terherne fertsjintwurdige is, oandacht frege wurde sil foar de parkear- problemen. beslutelist 11 oktober 2005/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 54