BOARNSTERHIM gemeente B E S L U T E L 1 S T Riedsgearkomste: 8 novimber 2005. Nû. Omskriuwing Utfiering 2. Gelegenheid om te sprekken oer punten fan de wurklist foar boargers. De hear J. van der Leij, foarsitter fan de ûndernimmingsried, sprekt yn oer agindapunt 6, Programmabegrutting 2006 op it ûnderdiel (fer)bouw gemeen- tehûs. 3. It fêststellen fan 'e wurklist. Op foarstel fan de hear N. Boringa (GB 2000) wurdt besletten om agindapunt 12, beliedsline lengte stegers en minimale trochfeartbreedte yn de Rjochte Grou, fan de aginda te heljen. Besletten wurdt dit foarstel op de aginda te set ten foar de kommisje WWR fan 29 novimber 2005. Op foarstel fan de foarssitter wurdt besletten om fan agindapunt 6-A in B-stik te meitsjen, omdat de leden fan de seleksjekommisje noch beneamd wurde moatte. 4. It fêststellen fan it ferslach fan de gearkomste fan 11 oktober 2005. Mid. Konform fêststeld. 5. Ynkommen stikken. Mid. Op fersyk fan de hear Hemminga wurdt besletten op punt 13 fan de list mei ynkommen stikken op de aginda te setten foar de kommisje WWR fan 29 no vimber 2005. Foar it oare konfom besletten. 6. Foarstel oangeande de Programmabegrutting 2006. Mid. Konfom besletten. De strekking fan de yntsjinne amendeminten en moasjes wurdt hjierûnder wer- jûn. Amendemint 1 (GB 2000). Alternative finansiering (fer)bouw gemeentehûs. Dit amendemint wurdt net sjoen as in amendemint sa as dat definiearre is yn it reglemint fan oarder fan de ried. It amendemint is net geskikt om "direkt yn it foarstel op te nimmen". It wurdt dêrom net yn stimming brocht. Amendemint 2 (VVD). It oerheveljen fan it restant budzjet rekkenkeamer 2005 nei 2006. Sjoen itjinge foarsteld wurdt yn it amendemint net tastien is neffens it "Besluit Begroting en Verantwoording (BBV)" wurdt it amendemint ynlutsen. Amendemit 3 (FNP). It reservearjen fan 25.000,- foar ynsidentele bydragen en subsydzjoanfragen foar doarpshuzen en dit te heljen út de reservearre 150.000,- foar de brede skoallen en it swimbad. beslutelist 8 novimber 2005/iajb/1

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 40