Fersmiten met 15 stimmmen tsjin en 2 stimmen foar. Amendemint 4 (FNP). Reserve nij- en ferbouw gmeentehûs ôf te skriuwen yn 40 jier yn pleats fan yn 10 jier en dit te dekken út de reservearre 150.000,- foar de brede skoallen en it swimbad. Fersmiten mei 15 stimmen tsjin en 2 stimmen foar. Amendemint 5 (FNP). Restauraasje reserve Riedhûs fan 900.000,- te be neamen as reserve wolwêzen. Fersmiten mei 15 stimmen tsjin en 2 stimmen foar. Moasje 1 (VVD). It beheinen fan de ynvestearrings Wetterfront. Fersmitten mei 14 stimmen tsjin en 3 stimmen foar. Moasje 2 (FNP). It útsprekken fan ôfkarring oer útfiering fan de aktive ynfor- maasjeplicht troch it Kolleezje, benammen by de ûntwikkelings rûn de (fer)bouw fan it gemeenthûs. Oannommen mei 9 stimmen foar en 8 stimmen tsjin. Moasje 3 (FNP). Fersyk oan it Kolleezje om by de maitiidsnota 2006 te kom men mei in plan fan oanpak en de finansjele konsekwinsjes dêrfan om it frysk yn it ûnderwiis yn Boarnsterhim te stypjen en t befoarderjen. Oannommen mei 12 stimmen foar en 5 stimmen tsjin. 7. Foarstel oer it ynstellen fan de rekkenkeamerkommisje. Mid. Konfom besletten. De ried beneamd mefrou J. Dekker-Hoogeveen, de hearen A. Bijlsma, S. Bou- ma, J. Gerbrandij en S. van der Meer yn de seleksjekommisje foar it winnen fan de leden fan de rekkenkeamerkommisje. 8. Foarstel ta it net-Ontfanklik ferklearjen fan in beswierskrift rjochte tsjin it be- Mid. slút fan de ried om in tariedingsbeslút artikel 21 WO te nimmen foar in perseel oan de Prikwei te Aldeboarn. Konfom besletten. 9. Foarstel ta it ûnbegrûne ferklearjen fan in beswierskrift rjochte tsjin it beslút- Mid. fan de ried om in tariedingsbeslút artikel 21 WRO te nimmen foar it perseel Sélânswei (neist 41) te Raerd. Konfom besletten. 10. Foarstel ta wiziging fan de brânbefeiligingsferoardering. Mid. Konfom besletten. 11. Foarstel ta it ynlûken fan it treasurystatuut. Mid. Konfom besletten. 12. Riedsfoarstel ta fêststelling fan de beliedsline oangeande lingte stegers en mi- WWR nimale trochfaarbreedte yn Rjochte Grou te Grou. Foarstel is fan de aginda helle. Wurdt op'e nij op de aginda set foar de kom- misj WWR fan 29 novimber 2005. Side 2 beslutelist 8 novimber 2005/iajb/2

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 41