Mefrou Dekker (PvdA): Men hat it yn de ried oer dit foarstel hân en doe binne dizze arguminten noait brukt. Mefrou Verkerk (VVD): De VVD woe ynhâldlik noch reageare. Men hie it yn de grûnkommisie hawwe wollen en dat is dêr net goed behannele. Boppedat wie de enkête der doe noch net. Mefrou Dekker (PvdA): De mearderheid fan de ried hat grien Ijocht jûn. De ûndernimmers hawwe kosten makke om it plan fierder te ûntwikkeljen. Hoe tinkt mefrou Verkerk dêroer? Mefrou Verkerk (VVD): Sy is seis ûndernimmer en sy kin har foarstelle dat de ûndernimmer der net wiis mei is. Mar it belang fan it doarp waget swierder. De hear De Vries (PvdA): Hawwe alle Terhernsters har yn de enkête útsprutsen? Mefrou Verkerk (VVD): Alle Terhernsters hawwe de mooglikheid dêrta krigen, mar it giet har be- nammen om de algemiene tendins. De wenningbou wurdt beheind en der wiene ek twifels oer de grunprns en de finansjele konstruksje. Men sil as VVD de moasje fan de FNP stypje. De hear Hemminga (GB): Yn de WWR-kommisje yn 2001 wie de earste ynformaasje oer de plan nen foar de alde nsbaan yn Terherne. De ferkeap soe plakfine mei merkkonfoarme prizen en de gemeente soe foarearst net partisipeare. Yn 2002 koe it kolleezje ynstimme as it plan net mear beslaan soe as 1 hektare. Yn 2004: it gie doe om in prinsipe-útspraak. Siteart de wurden fan wethalder Jonkers:'Het is een principeverzoek en men zal erop terugkomen als de subsidiegelden veiliggesteld zijn. De ried hat de meiwurking tasein mei it betrouwen dat men ynhâldlik derop weromkomme koe. Mei it amendemint fan de PvdA waard in kader oanjûn. By de WWR- kommisje yn augustus 2005 misten der in tal stikken en wie der ûndúdlikheid. Dêrby kamen û.o. de folgjende saken oan de oarder: It negatyf advys fan BügelHajema yn 2001, de finansjele kon struksje, it gjin ynsicht hawwen yn de grûnpriis (dêr't noch gjin dúdlikheid oer is), de ferweven- heid fan adviseur fan de gemeente en oanfreger, de beswieren fan de ynwenners fan Terherne en de wikseljende ynterpretaasjes fan de beneaming bêd en brochje en de partisipaasje fan de ge meente. a De skepsis fan GB2000 is allinne mar tanommen. Men wol dan ek de delegaasje fan de artikel 19 proseduere opnij oerweagje. GB2000 kin him wol fine yn de garânsjestelling fan de inisjatyfnim- mers. As de grunprns te leech is dan soe de gemeente de haven yndirekt subsidieare en dat is tsjin it utgongspunt dat de gemeente der gjin jild yn stekke soe. De konseptoerdrachtsakte ûnt- brekt ek noch. Der is net foldien oan lid 2 fan it amendemint fan de PvdA: 'Geef de grondcom missie de opdracht de raad te adviseren over de noodzakelijke verkoop van grond, thans in ei gendom van de gemeente Boarnsterhim.' It kolleezje fiert wer in riedsbeslút net út en dat is foar GB net akseptabel. De hiele gong fan saken omtrint de klassike skippehaven soe in punt fan ûn- dersyk weze moatte foar de rekkenkeamer. Tsjinnet in moasje yn en lést dy foar: De raad van Boarnsterhim, in vergadering bijeen op dinsdag 11 oktober 2005 overwegend: -dat de raad op 18 mei 2004 heeft ingestemd met het voorstel in principe mee te werken mid dels een art. 19.1 WRO aan de "Ontwikkeling Klassieke Schepenhaven Terherne" -dat a's punt 2 van het amendement van de PvdA bij monde van de heer Soeten wordt gevraagd Geef de grondcommissie opdracht de Raad te adviseren over de noodzakelijke verkoop van grond, thans in eigendom van de gemeente Boarnsterhim" - dat het amendement met 14 stemmen voor en 2 tegen door de Raad is aangenomen -m dat in de vergaderingen Ican de grondcommissie deze opdracht niet aan de orde is gewest - dat voor de oordeelsvorming van de Raad over de klassieke schepenhaven Terherne de verkoop van de grond een essentieel element is - dat het College gehouden is besluiten van de Raad uit te voeren Pagina 5 Ferslach 11-10-2005/absh/5

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 7