De hear Janse (FNP): De PvdA woe earst fan't maaitiid in harksitting hâlde, mar dat is net troch- gien. Hoe komt de PvdA dan oan ynformaasje oer in draachflak? De hear De Vries (PvdA): Der hawwe arguminten west om de harksitting net trochgean te litten Men is der op in ferantwurde wize mei omgien om op in oare wize ynformaasje te sammeljen. De hear Bijlsma (FNP): Men soe foarlopich de harksitting net hâlde, mar earst de reaksjes od it plan ôfwachtsje. De hear De Vries (PvdA): Hy hat dêroer in oar byld. De grûn wie doe fan de gemeente. Der is gjin konkreet advys fan de grûnkommisje nei de ried kommen. Hy jout ta dat men net alert genôch west hat. It hat lykwols wol yn de grûnkommisje oan de oarder west. De grûnkommisje hat der blykber ek gjin oanlieding yn fûn om mei in negatyf advys nei de ried te kommen. De hear Hemminga (GB): Yn de notulen fan de grûnkommisje stiet neat oer in diskusje oer de grunprns. Der is neffens in fraksjelid dat yn de grûnkommisje sit ek net oer de grûnpriis praat. De hear Van der Sluis (VVD): Hoe kin de hear De Vries út fertroulike notulen sitearje, of dêr syn ferhaal ut ofliede? Der is yn de grûnkommisje wol oer de saak praat, mar der is gjin advys nei de ried tagien. Hysels wie yn dy kommisje hiel kritysk. De hear De Vries (PvdA): De notulen wiene net helder oer dizze saak. It hat wol oan de oarder west neffens syn petear mei de foarsitter fan de grûnkommisje. Mefrou Troost (GB): Der is allinne oer de boekwearde fan alle projekten praat. De hear De Vries (PvdA): De gemeente moast finansjeel net partisipeare en dêroan is foldien en men moat finansjele risiko's út de wei gean en ek dêr hat de wethâlder befredigjende antwurden op jun. It is in publyk-privaatrjochtlike gearwurking en sa'n gearwurking is wol kompleks, mar soks is yn syn eagen beslist net 'moreel verwerpelijk'. No seit GB dat men net gelokkich is mei it plak fan de museumhaven. Wêrom is dat net earder neamd? Der is in hiel soart ynformaasje jûn en men km no de Ûndernimmers net oan de kant sette. Dan is men gjin betroubere oerheid mear Der is net foldwaande oantoand dat der gjin genôch draachflak yn Terherne wêze soe. De foarsitter: Schorst op verzoek van de heer Jonkers de vergadering voor 10 minuten. De foarsitter: Heropent de vergadering en geeft het woord aan de heer Jonkers. Wethâlder Jonkers: Een belangrijk element is de grondprijs. De start van het project is in 2001 nog onder het vorige college. In 2001 is er geen optie voor woningbouw in Terherne. De grond is niet bouwrijp. Op dat moment is een grondprijs afgegeven op basis van vergelijkbare situaties De 14 euro is inmiddels 15 euro geworden. Daar gaat men als initiatiefnemer mee aan de slag Voor een haven aan de Terhernster Hop is in nog niet zo lang geleden water/riet verkocht voor 10 euro per vierkante meter. Het onderwerp is in de grondcommissie van 21 juni 2005 geagendeerd. De transactie en de overdracht van de subsidie en het bedrag voor de grond zijn in de commissie aan de orde geweest. De wethouder heeft als adviseur van de commissie geen actie ondernomen want hij had dat van de commissieleden zelf verwacht. De hear Van der Sluis (VVD): Men sit dêr yn in fertroulike kommisje en dat giet net streekrjocht nei öe ïreksje te» Mefrou Dekker (PvdA): It is yndied in fertroulike kommisje. Mar sy hat eksplisyt sein dat it net goed wie dat it folslein geheim bleau. De fraksje soe ynformeard wurde neffens de ôfspraken. Pagina 7 Ferslach 11-10-2005/absh/7

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2005 | | pagina 9