Oerwaagjendo datr—
de ried besletten hat om it Riedhûs te ferkeapjen
de ried ek besletten hat om de keaper te ferplichtsjen it Riedhûs te restaurearjen
dit betsjut, dat it earder troch de ried foar de restauraasje reservearre bedrach fan
900.000 euro mei yngong fan 2007 frijfalt
beslút om dit bedrach fan 900.000 euro tenei te beneamen as reserve wolwêzen om sa ek de
mooglikheid te hawwen om opnij subsydzjes beskikber te stelle te kinnen oan doarpshuzen en
multy-funksjonele sintra,
en giet oer ta de oarder fan de gearkomste."
De hear Bijlsma (FNP): De ried hie gebrûk meitsje kinnen fan de fraach nei ynformaasjeplicht.
Mar yn maart is hiel helder frege oft it noch foar it taakstellende bedrach koe en dat is doe
befestige. It is dan ek nuver dat it in pear moannen letter folie djoerder is. Oer de reserve foar
de fer- en nijbou: neffens de FNP wie it ferstannich om dat oer 40 jier út te smarren; men
moat yn de takomst de ried net opsadelje mei sa'n lést. Dêr moat no in oplossing foar fûn
wurde.
De portefúljehâlder hat neat sein oer it ûnderwiis yn it Frysk. It kolleezje soe dêroer mei foar-
stellen komme moatte. Tsjnnet dêrta in amendemint yn en lést dat foar: Moasje 3
"De ried fan de gemeente Boarnsterhim, yn har gearkomste fan 8 novimber 2005 mei foarliz-
zend punt 6 fan de wurklist (Programbegrutting 2006),
Oerwaagjende dat:
- de gemeente Boarnsterhim (noch) te boek stiet as in tige Fryske gemeente
út alderhande ûndersiken bliken docht, dat it mei it Frysk yn it Onderwiis tige min steld is
dit yn de gemeente Boarnsterhim ek al net oars is
- it in gemeentlike taak wêze kin om it Frysk yn it ûnderwiis te stypjen en te befoarderjen
fersiket it kolleezje om by de maaitiidsnota 2006 te kommen mei in plan fan oanpak en de fi-
nansjele konsekwinsjes dêrfan om it Frysk yn it ûnderwiis yn Boarnsterhim te stypjen en te
befoarderjen,
en giet oer ta de oarder fan de gearkomste."
De foarsitter: Het lijkt haar een motie en het wordt dan ook als motie 3 aangegeven.
De hear Bouma (VVD): De VVD is net tsjin in goede húsfesting foar de amtners. Mar men
moat soarchfâldich mei de sinten omgeane. De keazen metoade fan it kolleezje docht dêr gjin
rjocht oan. Dêrom soe it goed wêze om dêr 3 bedriuwen op ynksriuwe te litten.
De hear Bijlsma (FNP): Hoe sjocht de hear Bouma dat? Yn de begeliedingsgroep is der al in
seleksjeproseduere west.
De hear De Vries (PvdA): Der sit no in faze yn it projekt dêr't net wis fan is dat de oannimmer
it útfiere sil. Der sit in klausule yn dat men der noch fan ôfkomme kin. Dêrom moat men earst
dat oerlis êfwachtsje.
De hear Bouma (VVD): Mei in oanbesteging fan 3 partijen kin men der mear úthelje. Oange-
ande it Wetterfront: de pier kin ferfalle en sa krijt men mear lucht foar oare projekten. Bringt
noch in tal saken út it ferline yn it sin dêr't de gemeente it neffens de VVD net goed dien hat.
De hear Van der Meulen (CDA): De hear Bouma giet foarby oan ôfspraken dy't men as oer-
heid makke hat. It CDA is tefreden mei de antwurden fan it kolleezje. De 150.000 euro foar it
swimbad yn Grou en it kompleks yn Akkrum is neffens it CDA gjin slach yn de loft.
Pagina 12
04 Ferslach 08-11-2005/absh/12