neiI de ried giet. It is him net dúdlik wat de reden dêrfoar west hat. Hanthavenje en de proseduere beëinigje kin net. By hanthavenjen sil der beswier komme fan de belanghawwende en dat sil de gemeente ferlieze omdat der tasizzingen dien binne. Om dy reden en ek fanwegen de belang hawwende kin de FNP de moasje net stypje. Sprekt wol syn ôfkarring út oer de wize fan ôfhan- neljen troch it kolleezje. Mefrou Verkerk (VVD): De VVD is ek net bliid mei de gong fan saken. De moasje is te prematuer en men moat de fierdere proseduere earst ôfwachtsje. Wol moatte nije aktiviteiten op dat plak fuortendaliks stillein wurde. Twadde termyn De hear Hemminga (GB): By in artikel 19 proseduere stiet der normaal noch neat, mar op dit plak is al hyltyd wat oan de gong. De essinsje is dat GB de aktiviteiten stillizze wol. It is net de bedoe- ling om prosaduaras t6 trochbrakkan mar om proseduaras te beëinigjen. De hear De Vries (PvdA): Hoe stelt de hear Hemminga him dat foar? Der lizze no beswieren en hoe moat men dêr dan mei omgean? De hear Hemminga (GB): As it kolleezje better nei de ried harke hie dan wie men net sa'n prose duere útein setten. De hear Van der Meulen (CDA): By de oanfraach fan in boufergunning geane de minsken in be paald trajekt yn en kin men dat samar trochbrekke? De hear Hemminga (GB): It hie sa noait starten wurde moatten. De hear Van der Meulen (CDA): Dat is yn it ynterpellaasjedebat al goed dúdlik nei foaren brocht. De hear Hemminga (GB): Men hat de prosedueres yn gong set en dat hie net moatten. Wethâlder Bouma: De lûden binne dúdlik: doch der wat oan en lit it net groeie. De gemeente sil der dizze wike hinne om der wat fan te sizzen. By in artikel 19 proseduere komt in Onderbouwing hoe t it der útsjen moat. Der moat in fatsoenlike Onderbouwing by de proseduere komme en dat stiet los fan de start fan it proses. De hear Hemminga (GB): Dêrfoar, foardat men wol dat der boud wurdt, hie it kolleezje yngripe moatten. a K Wethâlder Bouma: Men komt no yn de werhelling. It fertsjinnet gjin skientmepriis, it wie in so- sjaal gefal, ensfh. Al dy dingen binne al sein. De start is yn gong setten, der moast in probleem oplost wurde. Wol men it legalisearje of net? Dat it doel fan de proseduere. Mefrou Dekker (PvdA): De oanlieding fan har opmerking om it stil te lizzen: sy hat al trije kear nei it gemeentehûs belle omdat der berjochten kamen oer nije aktiviteiten op dat plak. Wethâlder Bouma: Men giet der dizze wike noch hinne om dúdlik te meitsjen dat der gjin dingen barre meie dy't net tastien binne. De kraan wie nedich foar de wâlbeskoeiïng. Mefrou Minkes (PvdA): Sa'n kraan moat ôffierd wurde en heart net mei in read Ijocht yn it bû- tengebiet te stean. Pagina 6 04 ferslach 13-12-2005/absh/6

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 9