net foar it iepenmeitsjen fan de Boerewâl. De mooglike beskerming troch de strekdaam (opmer king fan de VVD): risiko's kin men noait útslute. Is benijd nei de nije, finansjele ynformaasje oare wike. De hear De Vries (PvdA): De fraksjes hawwe in reedlik byld krige hoe't men tsjin it plan oan- sjocht. Men moat benammen nei de kânsen sjen dy't it plan oan Boarnsterhim biedt. De PvdA sil kritysk bliuwe op de punten dy't yn de earste termyn neamd binne. De hear Janse (FNP): De FNP kin har fine yn de opmerkingen fan de VVD oer de tagonklikens fan it kuierpaad foar de minderfaliden. As der letter parkearplakken komme kinne bûten it sintrum dan soe men nochris nei de Gedempte Haven sjen kinne. As men ynstimt mei de fisy moat men wol witte hoe't it mei de ûnderdielen sit en dêr is yn de amendeminten fan de VVD en de FNP omtinken oan jûn. Yn it ramt fan It wenplan moat earst ien en oar fêstlein wurde en de gemeente moat dêrnei pas fierder yn see gean mei projektûntwikkelders. De hear Van der Meulen (CDA): Oer it Griene Krúsgebou: de iene fynt it moai en de oare net. Hy hopet dat it wol meidraaie kin yn it trajekt dat it kolleezje útstippele hat. Understreket de opmer kingen oer it omtinken jaan oan de tagonklikens foar minderfaliden. Der moat earst wat oan it parkearprobleem dien wurde en dan kin men fierder neitinke oer de Gedempte Haven en Boere- wâl. Der binne fêst wol technyske mooglikheden om bepaalde problemen op te lossen lykas it tichtslykjen fan it wetter. Yn de takomst moatte net wer deselde flaters makke wurde en hy is dêrom ynnommen mei it oanstellen fan in projektlieder. De hear Van der Sluis (VVD): De VVD wie it op in pear ûnderdielen net iens mei de fisy. Der is no noch gjin alternatyf foar it parkearprobleem. Men moat earst witte hoe't it yn it sintrumplan op lost wurde sil. Dêrom earst de Gedempte Haven litte sa't dy is. De VVD wol gjin moeras. Men moat de Blikpôle ek net fol sette mei beammen fanwegen it útsicht fan it wetter óf. Hoe sit it mei de kosten fan Wetterskip Fryslên foar it opheegjen fan de wélen? Der moat in dúdlik antwurd komme op de fragen fan de hear Hof. Hy wol It amendemint eins yn fjouwer stikken opdiele. De hear De Vries (PvdA): De wethâlder hat tasein dat de kuierrûte tagonklik is en dat it moeras ferfalt. Dan kin it amendemint datoangeande oanpast wurde. De hear Van der Sluis (VVD): As de wethâlder dúdlik genôch is dan soe dat kinne. Wethâlder Jonkers: Het moerasgebied wordt ingetrokken. De pier is al 40m ingekort en er is overleg met de vaarwegbeheerder. Dat wil hij eerst afwachten. De wandelroute is 'Rollstuhlfä- hig'. Men is in gesprek met veel van de betrokken partijen. Met de een is men verder dan de an der, zo is er bijvoorbeeld nog geen handtekening over de invulling Volmaweg/Minne Finne. De hear Hemminga (GB): As dêr gjin oplossing komt wat foar ynfloed hat soks dan op it Wetter- front? Wethâlder Jonkers: Het zal in principe van weinig invloed zijn op het totaalplan. Het zou ter ver volmaking fantastisch zijn als het door kon gaan. Hij is daar nog zeer optimistisch over. Men wil in BOS-L de woningen bevechten. De hear Janse (FNP): Is it tal huzen ek Qnderdiel fan de ûnderhannelingen (Volmawei)? Dat kin neffens him net omdat de ried it foech dêrta hat. Wethêlder Jonkers: De hele ontwikkeling van het gebied kost veel geld. Woningen maken daar deel van uit (Volmawei). Het parkeerprobleem valt niet onder de 'Visieplan Waterfront'. In het Pagina 9 ferslach 24-01-2006/absh/9

Historisch Centrum Leeuwarden

Boarnsterhim vergaderstukken gemeenteraad | 2006 | | pagina 11