Yn om tin ken nimmende dat:
- der grutte beswieren binne tsjin de massaliteit, hichte en materiaal fan de beide apparte-
min tsgebou wen,
- der ûnfoldwaande draachflak foar dizze appartemintsgebouwen by de ynwenners fan Grou is
- de appartemintsgebouwen it oansicht fan Grou skeind ynstee fan fuortsterket
- de 16 apparteminten gjin eask fan de Ried is
Stiet der by it kolleezje mei klam op oan om mei in nij plan te kommen dat minder massaal en
heech is en dat past yn it byld fan Grou fanôf it wetter en it karakter fan Grou.
en giet oer ta de oarder fan de dei"
Wethâlder Bouma: Sy tinkt net dat it goed is dat der ynhâldlik op yngien wurdt. De sjenswizen
wurde behannele. As der gefoelige saken binne dan sil it kolleezje der mei nei de ried komme. De
wenningen falie ek ûnder de 222 kontinginten en ek yn de diskusje oer wensoarchsônes is al ien
en oar troch de ried fêstlein.
De foarsitter: Brengt de motie in stemming.
De hear Hemminga (GB): Is it wol iens mei de útlis fan de wethâlder oangeande de proseduere,
mar ynhâldlik kin er him de moasje wol foarstelle.
De hear Van der Meulen (CDA): It ferhaal fan de wethâlder is dúdlik. It CDA wachtet oant it wer
yn de kommisje komt.
De hear Soeten (PvdA): Hy is foar de moasje. Hy is it net mei de fisy fan de arsjitekt iens.
De hear De Vries (PvdA): Hy dielt de moasje foar in part. Der kinne bést alternativen wêze dy't in
bettere ynfolling opsmite kinne. Mar it is no net it momint om yn de proseduere yn te gripen.
De hear Roorda (PvdA): Is it iens mei de moasje. Men moat serieus yngean op de alternativen.
Mefrou Verkerk (VVD): Is ek foar de moasje om op tiid in sinjaal óf te jaan. Dermei kin men ek
tiid winne.
De foarsitter: De motie wordt met 7 stemmen voor van de leden Bijlsma, Bouma, Janse, Roorda,
Van der Sluis, Soeten en Verkerk en 9 stemmen tegen verworpen.
18. Slute
De voorzitter bedankt iedereen voor de inbreng en sluit de vergadering om 23.45 uur.
Sa fêststeld yn de iepenbiere riedsgearkomste fan 14 febrewaris 2006
de griffier;
de foarsitter,
P. Schadd-de Boer
Op de pufylike tribune sieten neist parse en amtlike meiwurkers 18 minsken.
Pagina 14
ferslach 24-01 -2006/absh/14